Aart Staartjes noch ien kear op telefyzje te sjen

15 apr 2020 - 11:41

Aart Staartjes sil noch ien kear op tv te sjen wêze. De fan Sesamstraat bekende 'Meneer Aart' ferstoar earder dit jier nei in ferkearsûngelok yn Ljouwert. Krekt derfoar hie hy as ferneamd ynwenner fan Dronryp noch opnames foar 'Jouw Stad, Ons Dorp.' Dat programma wurdt nije wike woansdei útstjoerd op NPO1.

Aart Staartjes yn 'Jouw Stad, Ons Dorp' - Foto: NPO

Yn it programma ruilje húshâldingen yn doarp en stêd in wike lang fan wenplak en libben. Yn de ôflevering is te sjen hoe't Bert út Dronryp mei syn famylje fan libben wikselet mei twa Amsterdammers, Ricardo en Maryo.

Wylst dy twa yn Dronryp binne, moetsje se ûnder oaren Staartjes. Hy wie oant syn ferstjerren in ferneamd ynwenner fan it doarp. De Amsterdammers prate mei him oer it libben yn Dronryp en op it plattelân.

'Jouw Stad, Ons Dorp' is woansdei 22 april te sjen op NPO1 om 21.30 oere.

Trefwurden: 
Dronryp Aart Staartjes NPO
(advertinsje)
(advertinsje)