15 april 1945: de befrijing fan Ljouwert en Snits

Dit jier is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard fan de Dútsers. De befrijing fan Fryslân begûn op 12 april. Yn in rige fan fiif artikels steane wy dêr de kommende dagen by stil. Diel fjouwer: de befrijing fan de haadstêd fan Fryslân.
De Kanadezen ride fia de Grinzerstrjitwei Ljouwert binnen © P. Stallinga (Historisch Centrum Leeuwarden)
"Zondagmorgen. Is Leeuwarden nu een Duitse stad of is het een Canadeesche stad?" freget de Ljouwerter ûndernimmer Goffe Miedema him ôf yn syn deiboek: "(...) Hier en daar loopt een agent met een geweer in de hand, een paar mensen van de ondergrondse met handgranaten en machinepistolen, allemaal de rood wit blauwe banden om de arm, want Leeuwarden is bevrijd", giet hy fierder.
It sil noch oant goed tolve oere duorje, foar't de earste Royal Canadian Dragoons út Dokkum wei oer de Grinzerstrjitwei de stêd yn ride. Ljouwert, de haadstêd fan Fryslân is dan echt befrijd en de Ljouwerters binne net mear te hâlden.

'De Friezen hawwe harsels befrijd'

Ek Keimpe Sikkema giet de doar út: "Vlaggen vliegen uit de ramen en de mensen uit de huizen, nood-alarm of geen noodalarm. Wij zaten juist aan tafel, toen het bericht door de stad vloog en het gejuich aankondigde, dat ze in de binnenstad waren. In a hurry hebben we ons met zoveel zorg en moeite saamgestelde middageten naar binnengewerkt en zijn naar de Groningerstraatweg gehold."
De stêd komt der nei omstannichheden kreas foar wei. Brêgen, de elektrisiteitssintrale, it gasfabryk, de wetterlieding en de telefoansintrale binne allegearre noch yntakt. Dat soe mei te tankjen wêze oan de BS dy't de springladingen dy't de Dútsers wol oanbrocht hawwe, sabotearren. Ek hat de BS al kontrôle oer de stêd noch foar't de Kanadezen binnenkomme. In Kanadeesk befelhawwer soe dan ek sein hawwe dat de Friezen eins harsels befrijd hawwe.
De Kanadeeske befrijers op de Brugweg yn Burdaard © Code: HC1. Verzet uit Dankbaarheid.

Dútsers op 'e flecht by Burdaard

De befrijers binne al yn Ljouwert, mar yn Burdaard en omkriten spane noch in protte ploechjes Dútsers mei wapens om. Sy wolle nei Harns, mar wurde yn é besnijing dreaun troch de Kanadezen. De brêge yn Burdaard is de iennige brêge oer de Ie dy't noch yntakt is.
De Burdaarder BS besiket de Dútsers tsjin te hâlden, wat útrint op in fjoergefjocht yn it doarp. Gelokkich komt der fersterking fan de Kanadezen en de BS út Drachten, en lang om let jouwe de Dútsers har oer. De Kanadezen ferlieze yn it gefjocht wol harren luitenant William Thomas Buddell.
Ek by Ikkerwâld (no Damwâld) rekket de BS yn gefjocht mei flechtsjende Dútsers. Se sjitte op in wein fol Dútske munysje mei in grutte eksploazje as gefolch. Ien Dútser jout him oer, twa oaren witte te ûntkommen. Dan komme se foar Harmen Brouwer en Jan Kaper fan de BS oer te stean. Dy twinge de Dútser en syn Nederlânske helper om har oer te jaan, mar se wegerje en sjitte beide jonges dea.
Se fytse fierder fia Rinsumageast rjochting Stiennendaam. Mar dêr binne yntusken Kanadeeske tanks oankommen. Om oan it sicht te ûntsnappen, ferstopje se har yn it hea op de buorkerij fan de famylje Van Keulen. De BS'ers ha gau genôch yn de gaten wêr't se sitte, mar de Dútser wegeret op 'e nij him oer te jaan. It rint út op sjitterij en úteinlik nimme de Kanadezen de buorkerij mei har tanks ûnder fjoer. De Dútser, syn helper en BS'er Bauke Lyklema komme om.
Mei help fan de ynwenners fan Akkrum en Jirnsum wurdt de Aldskousterbrêge wer makke. © Y. Damsma fia Stifting Akkrum Ald en Nij

In needbrêge by Aldskou

Ut Akkrum wei wolle de Kanadezen dêr ek nei Ljouwert, mar by Aldskou komme se in probleem tsjin. De brêge is fernield, en dus kinne se it Prinses Margrietkanaal net oer. De Roomske tsjerke fan Jirnsum komt krekt út, skriuwt Yge Damsma yn 2005, as immen ropt: 'De Kanadezen binne op 'e Skou'. Se fleane derhinne en sjogge dat BS'ers út Akkrum al mei balken en planken yn 't spier binne. Ynwenners fan Akkrum en Jirnsum stekke ek de hannen út 'e mouwe en sa wurdt yn in dei in needbrêge boud.
In ploechje Kanadezen besiket yntusken fia de Leppedyk yn Jirnsum te kommen, mar ek de Syslbrêge is opblaasd. In pear soldaten klimme oer it pún nei it doarp en diele sigaretten, sûkelade en suertsjes út. Se ride nei Grou om dat doarp te befrijen en de Grousters soargje derfoar dat de Kanadezen en harren 5 brencarriers mei ponten oerset wurde nei Wergea. Dêrwei ride se fuortendaliks troch nei Ljouwert.
De Kanadezen ride fia de Westermeer De Jouwer yn © Museum Joure

Drama's by Skarsterbrêge

Ut It Hearrenfean wei berikke de Kanadeeske befrijers sûnder opûnthâld De Jouwer. Fia Westermar ride se om in oere as tsien it doarp yn en ek hjir wurde se troch in protte blide minsken wolkom hjitten.
Yn Skarsterbrêge hearre se ek dat De Jouwer frij is. Kees Klijnstra hellet syn nagelnije fyts ûnder it hea wei en giet derhinne, sjen oft de Kanadezen der al oankomme. Hy is noch mar krekt werom, as hy troch it rút delsketten wurdt troch in Dútske skerpsjitter en bewusteleas yninoar sakket.
De brêge oer de Skarster Rien is opblaasd © Om nooit te vergeten. De oorlog 1940-1945. Skasterlân tijdens WOII
De Dútsers hawwe har ferskânze yn it Hollandiafabryk yn Skarsterbrêge. Ek sitte se yn mangatten by de dyk en de trambaan del. Nei't se om in oere as tolve de brêge oer de Skarster Rien springe litte, begjinne de Kanadezen út De Jouwer wei mei flammewerpers op it fabryk te sjitten.

Yn de fjoerliny

De pleats fan de Klijnstra's leit yn de fjoerliny. De famylje kin ûntkomme, mar de pleats baarnt folslein ôf. Ek de skuorre dêr't heit Klijnstra syn delsketten soan noch gau hinne brocht hat, mei it idee dat er dêr wol feilich is.
De Tsjech Richard Jung desertearre út it Dútske leger en sneuvele by Skarsterbrêge © Om niet te vergeten. De oorlog 1940-1945. Skarsterlân tijdens WOII
Om twa oere middeis ride in stik as fiif Kanadeeske gefjochtsweinen en pear jeeps nei Skarsterbrêge. Foarop in ferkenner fan de BS. It is Richard Jung. In Tsjech dy't desertearre út it Dútske leger en ûnderdûkt siet yn Sint-Jânsgea. Hy springt mei syn gewear yn de oanslach fan mangat nei mangat. Mar ien fan de putten is net djip genôch, en Jung wurdt deasketten troch in Dútser.
De gefjochten yn Skarsterbrêge geane de hiele dei en ek de oare deis noch troch. En wylst op De Jouwer feestfierd wurdt, moatte se noch gjin fjouwer kilometer fierderop oant fier nei de middei de oare deis wachtsje foardat de earste befrijers har sjen litte yn Skarsterbrêge.
Het duurde toch nog wel een klein halfuur toen een stel soldaten met zwart gemaakte en bezwete gezichten de dwarsstal schietend binnen stormden.
Jogchum Rypkema
Jogchum Rypkema beskriuwt dat momint yn syn deiboek: "Terwijl er buiten een hels geweeren mitrailleurvuur gaande was, bleven wij in afwachting van de komende dingen alléén, (d.w.z. zonder moffen) in de stal achter. (...) Het duurde toch nog wel een klein halfuur toen een stel soldaten met zwart gemaakte en bezwete gezichten de dwarsstal schietend binnen stormden. De eersten renden meteen door naar het voorhuis, waar ze met een stengun een roffel in de kelder afvuurden (waarmee praktisch alle weckflessen van Mem sneuvelden) en vervolgens door naar buurman Bonekamp."

Snits: De doarren fan tsjerke bliuwe iepen

Om't de BS de dyk fan De Jouwer nei Snits al yn hannen hat, giet it de Kanadezen op dy rûte hiel wat makliker ôf. Yn Snits ferwachtsje se harren al, lêze we op 15 april yn it deiboek fan To Hofstra:
"Bij ons in de kerk zijn tijdens de dienst alle deuren open. Ds. Kentie maakt vanaf de preekstoel bekend dat de gemeente zich maar niet ongerust moet maken want deze 'opendeur-politiek' is voor de explosies die te verwachten zijn. Om kwart voor 11 (het begon 10 uur) wordt de dominee echter gewaarschuwd, en de dienst wordt afgebroken (..)."

De Waag yn brân

De Dútsers dy't noch yn de stêd binne slane op 'e flecht, mar sette noch wol it Waaggebou, dêr't se harren munysjedepot hiene, yn brân. Wol in healoere lang hearre de Snitsers it knallen, sissen en dreunen fan de ûntploffende munysje. In protte minsken doarre no wer op strjitte te kommen en rinne nei de brân.
Dan ferskine de manlju fan de Snitser BS yn blauwe overalls op strjitte. Eltsenien moat werom nei hûs, want der giet in geroft dat der Dútsers út De Lemmer wei ûnderweis binne. Jûns rydt in earste patrûlje fan it rezjimint De la Chaudière mei flammewerpers en masjinegewearen de stêd yn. Aldergeloks hoege se dy net te brûken, want der is gjin Dútser mear te bekennen.
Van ons krijgen ze zo 'n boeket. Dat komt voorop de tank te staan.
To Hofstra
To Hofstra skriuwt: "Plaatselijke tijd 10 minuten over half 8: 'Hoera de eerste Canadezen komen binnen!' Iedere tank wordt bestormd. De mensen vliegen uit huis. Het gejuich is niet van de lucht. (...) Allerlei bloemen worden hen aangeboden. Van ons krijgen ze zo'n boeket. Het komt voorop de tank te staan."

Wâldsein: striid om de Wellebrêge

De pleatslike BS-ploech fan Wâldsein wol de strategysk wichtige Wellebrêge yn de dyk fan Snits nei De Lemmer graach yn hannen hawwe en yntakt hâlde oant de Kanadezen komme. De brêge wurdt op dat stuit bewekke troch mar twa Dútsers, de BS is mei tolve man. Sy binne op dizze sneintemoarn sa aardich om by beide Wâldseinder tsjerken te warskôgjen dat der mooglik fochten wurde sil. Beide tsjerken brekke de tsjinst ôf en alle tsjerkegongers geane nei hûs.
Waldseinder Jacob Cornelis Nagelhout komt op syn jierdei om by de striid om de Wellebrêge © gaasterlandinwo2.nl
Dan giet de BS op nei de brêge. Dêr binne yntusken folle mear Dútsers oankommen, en sa reitsje de tolve BS'ers yn in oerenlang duorjend fjoergefjocht tsjin 60 Dútsers. Wâldseinder Jacob Cornelis Nagelhout komt om yn dat gefjocht. Hy is dy dei jierdei, en mar 28 jier wurden.
De Dútsers blaze de brêge dochs op en de BS'ers lûke har werom yn ôfwachting fan help. Jûns lette komt in Kanadeesk ferkenningsfoertúch by de brêge oan. De oare deis set dy de 'Krokodil' yn, in sterke flammewerper. De Dútsers jouwe har oer en sa komt der in ein oan de fûle striid by Wâldsein.

Frjentsjer

De befrijers yn Ljouwert wolle sa gau mooglik nei Harns, mar fierder as Frjentsjer komme se hjoed net. Ek dy stêd kinne de Kanadezen maklik oernimme. De Dútsers hawwe har boeltsje pakt en de al stêd ferlitten. Wol blaze se dizze sneintemoarn Saakstra's brêge by de Stadsherberg op.
Frou Koomen-Middelkoop wie yn de hongerwinter as Amsterdams famke by har omke en muoike yn Frjentsjer. Sy wit te fertellen: "Iedereen zat in de glasscherven want alle ramen waren er uit. 's Middags kwamen er mannen door de straat met een blauw overall en een oranje band om de mouw: dat was de BS. Er werd een geïmproviseerde brug gelegd op de plek waar 's morgens de brug was ontploft. En nog weer iets later reden de tanks met Canadezen door de straat."
Foar dit artikel is gebrûk makke fan ynformaasje fan de websiden historievansneek; gaasterlandinwo2.nl; akkrumaldennij.nl; fryslan4045.nl; tracesofwar.nl; tjerkmiedema.nl; nationaalarchief.nl. En de boeken Om niet te vergeten. De oorlog 1940-1945. Skarsterlân tijdens WOII fan Freark Marten Ringnalda en Code: HC1. Verzet uit Dankbaarheid fan Sybren van der Velde; de befrijingsbylage fan de Leeuwarder Courant fan sneon 8 april 1995 en de oarlochsdeiboeken fan Keimpe Sikkema, To Hofstra en Goffe Miedema.
Tongersdei folget it lêste diel fan dizze rige. Hoe gie it fierder mei de befrijing yn Fryslân?
Lês diel ien, twa, en trije werom. Dizze rige artikelen is mei ta stân kommen troch in bijdrage fan it vfonds.