Seldsume midsiuwske hânskriften út Fryslân lang om let ûndersocht
It is in samling fan de meast wichtige en seldsume Fryske teksten út de midsiuwen. Mar dochs is der net in soad oer bekend. It giet om de 'Richthofen-kolleksje', in searje topstikken út de Fryske skiednis. Undersyksgroep Pastei sil dizze tsien rjochtshânskriften ûnder de loep nimme.
Eins binne it in soarte wetboeken dy't yn de rin fan de jierren ûntstien binne foar it Fryske gebiet. It giet om rjochtsteksten: jurisprudinsje út de midsiuwen. De teksten binne foar in part yn it Aldfrysk skreaun. Ien fan de teksten is it Freeska Landriucht út 1484-1486, it âldste printe boek yn it Frysk. Der binne net in soad midsiuwske hânskriften út Fryslân oerbleaun, dêrom sizze de teksten ek in soad oer de Fryske mienskip fan doedestiids.
Ferhaal fan Aldfryske teksten
Neffens ûndersiker Herre de Vries wurdt benammen de kontekst en de materiaaltechnyske kant fan de hânskriften ûndersocht. "Dus: binne de teksten yn ien kear skreaun of oer in langere perioade mei ferskate tafoegingen? Wa wiene de eigeners troch de jierren hinne? Hoe binne teksten byinoar brocht yn in boek?"
Sa moat it ferhaal fan de teksten dus opskreaun wurde, sa't takomstige ûndersikers der wer mei fierder mei kinne. De Vries: "In moaie metafoar om nei de hânskriften te sjen is in âlde tsjerke. Oan sa'n tsjerke kinne je faak de skiednis sjen. Der binne somtiden stikken muorre ôfbrutsen, opnij opboud, útwreide, opknapt en ferpleatst. It ferhaal fan sa'n tsjerke falt ôf te lêzen oan de opbou, sa is it mei dizze teksten ek."
Pastei
Fan de tsien hânskriften binne der op dit stuit mar in pear digitalisearre. Foar dit projekt sille alle teksten digitaal beskikber makke wurde. It ûndersyk wurdt dien troch de trije manlju fan Pastei. Dy ûndersyksgroep is yn 2014 oprjochte. De Vries besiket no mei syn kompanjonnen Riemer Janssen en Anne Popkema in stichting op te setten.
De hânskriften wurde by Tresoar bewarre, it ûndersyk moat yn 2022 klear wêze. Dan wurdt der in spesjaal Richthofen-jier hâlden, om't de kolleksje dan eksakt 100 jier yn Fryslân is. Yn 1922 koe de provinsje de kolleksje nammentlik keapje fan de famylje fan de Prusyske gelearde Karl von Richthofen (1811-1888).