Coronanijs 15 april: Rutte foarsjocht 'oergongsfaze'; twa nije stjergefallen yn Fryslân

15 apr 2020 - 23:00

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Der lizze op dit stuit 75 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen: 26 op de intensive care's en 49 bûten de IC's.
  • Yn Fryslân binne der yn totaal 34 minsken ferstoarn oan it coronafirus, en 377 minsken binne posityf test.
  • Der binne woansdei twa nije stjergefallen bykaam.
  • De Twadde Keamer wol in tydlik ferbod op útferkeapen yn winkels dy't gjin iten ferkeapje, om lytse ûndernimmers te beskermjen tsjin grutte bedriuwen
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

23:00
Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog fan woansdei 15 april ôf. Noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje:

  • Der lizze op dit stuit 75 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen: 26 op de intensive care's en 49 bûten de IC's.
  • Yn Fryslân binne der yn totaal 34 minsken ferstoarn oan it coronafirus, en 377 minsken binne posityf test.
  • Premier Rutte wol noch net foarút rinne op in ferromming fan de maatregels tsjin it coronafirus, mar seit wol dat it lân nei in 'oergongsfaze' ta wurket.
21:53
650 miljoen euro stipe foar agraryske sektor

It kabinet lûkt 650 miljoen euro út om de sierteelt, ferskate parten fan de itenstúnbou en de patatjirpelsektor te stypjen fanwege de coronakrisis. Dat skriuwt lânbouminister Carola Schouten woansdei yn in brief oan de Twadde Keamer.

Foar de sierteelt en de itenstúnbou is 600 miljoen euro beskikber, en foar de telers fan patatjirpels 50 miljoen. Troch de sluting fan de hoareka kinne de jirpelbouwers in grut diel fan harren produksje net kwyt.

21:33
Keunstrûte Open Stal giet net troch

De 49e edysje fan de keunstrûte Open Stal yn Aldeberkeap giet net troch. De organisaasje fynt it fanwege it coronafirus net ferantwurde om it jierlikse evenemint te hâlden. Open Stal soe fan 11 july oant en mei 9 augustus holden wurde. De feiligens en sûnens fan de hast 200 frijwilligers, sirka 9.000 besikers, de dielnimmende keunstners en de bewenners fan Aldeberkeap steane foarop, sa lit de organisaasje witte. Der sil neitocht wurde oer mooglike alternativen.

21:20
Lieuwe Westra fytst firtueel Olympyske rûte

It Beest fytste wer troch Europa. Ald-hurdfytser Lieuwe Westra ried woansdei in part fan de Olympyske wedstriid fan 2012 yn Londen. Net echt fansels, mar mei it firtuele fytsprogramma Zwift. Westra fytste de rit fan fyftich kilometer út syn hûs yn Spanje wei en joech dêr kommintaar by. Hy naam it op tsjin oare fytsers út de hiele wrâld. Nei goed oardel oere kaam er oer de finish. Hy einige mei de wurden: "Nu eerst maar siësta."

20:47
Fideodeiboek fan studinte Anna Rixt Sijens

Studinte Anna Rixt Sijens lit yn har vlog sjen hoe't in skoaldei der foar har op it stuit útsjocht. Gewoanwei krijt se les op it NHL Stenden, mar no sit se alle dagen yn har sliepkeamer en hat se kontakt mei har klasgenoaten fia de laptop. Mear vlogs sjen fan de Anna Rixt Sijens en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert'? Dat kin fia dizze dossierside.

20:38
De situaasje by de biste-opfang

Op Facebook gean berjochten om dat minsken folle mear bisten nei it asyl bringe, om't se benaud binne dat bisten it coronafirus oerbringe. Tagelyk skine ek folle mear minsken in bist op te heljen no't se der tiid foar ha. En ha de asyls eins ek ekstra romte om bisten op te fangen as baaskes it sikehûs yn reitsje of ferstjerre? Linda Colijn fan biste-opfang De Wissel yn Ljouwert fertelde deroer yn it radioprogramma Weistra op Wei.

Linda Colijn fan biste-opfang De Wissel yn Ljouwert

19:48
Earste besmetting op It Amelân

Op It Amelân is in earste besmetting mei it coronafirus konstatearre, dat hat boargemaster Leo Pieter Stoel bekendmakke. It giet niet om in ynwenner fan it eilân, de persoan dêr't it om giet wie op besite by famylje. De gemeente jout oan dat de pasjint tiisdei mei in spesjale boat nei de wâl brocht is en no yn in sikehûs leit.

"We wisten allemaal dat het virus Ameland niet zou overslaan," seit de boargemaster. "Het was een kwestie van tijd dat het hier ook de kop zou opsteken. Toch is dit nieuws voor iedereen op het eiland een schok. Ik wens de patiënt sterkte en beterschap. Ik leef me met de familie die zich op dit moment zorgen zal maken. En ik spreek de wens uit dat we elkaar zoveel mogelijk helpen en steunen om deze moeilijke periode door te komen."

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
19:42
Nije sifers oer it tal pasjinten yn sikehuzen mei corona

Neffens it Regionaal Overleg Acute Zorg Noord-Nederland lizze der op dit stuit 75 pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen. Dêrfan lizze der 26 op de intensive cares en 49 bûten de intensive cares. Tiisdei wiene dat der noch 28 op de IC's en 37 bûten de IC's.

19:34
Rutte sjocht foarút op in 'oergongsfaze'

Minister-presidint Mark Rutte wol noch net daalks foarút rinne op in mooglike ferromming fan de maatregels tsjin it coronafirus, mar seit wol dat it in 'tuskenwike' is. De premier warskôget lykwols wol: "Het loket gaat niet zomaar ineens helemaal open, we moeten ons voorbereiden op een overgangsfase. Het gaat om grote maatschappelijk dilemma's en praktische vragen."

Neffens Rutte en minister Hugo de Jonge binne der trije ankerpunten as it giet om it wol of net ferromjen fan de maatregels. As earste de druk op de soarch, as twadde it beskermjen fan âlderein en kwetsbere minsken en as tredde it sicht op en it ynsjoch yn de fersprieding fan it firus.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)