Tal ferkearsdeaden yn Fryslân nimt wer ta

15 apr 2020 - 06:00

Yn 2019 binne der yn Fryslân 29 minsken ferstoarn yn it ferkear. Dat binne der twa mear as yn 2018, doe't der dus 27 persoanen ferstoarn binne. Ek dy 27 minsken wiene der al mear as it jier dêr wer foar, want yn 2017 wiene der 26 minsken yn de provinsje dy't in ferkearsûngelok net oerlibbe hawwe. Dit docht bliken út nije sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).

Mei it each op in lange perioade giet it tal ferkearsdeaden yn Fryslân omleech. Dat is ek yn Nederlân as gehiel it gefal, al in hiel skoft. Sûnt 1996 wurde de oantallen byhâlden neffens de kritearia dy't hjoed-de-dei noch hieltyd brûkt wurde. Yn dat jier binne der yn Fryslân 71 minsken deagien yn it ferkear. Yn hiel Nederlân wiene dat der yn dat jier 1.251. Ferline jier binne der yn Nederlân 661 minsken by ferkearsûngelokken ferstoarn. It tal deaden is yn de ôfrûne 25 jier dus mei de helte ôfnommen, yn Fryslân en yn Nederlân.

Sûnt 2009 nimt it tal deaden yn it ferkear lykwols elts jier wat minder ôf as yn de jierren dêrfoar. Wylst it tal deaden eins elts jier ôfnaam, mei somtiden in lytse útsjitter, bliuwt it tal yn Fryslân sûnt 2009 om de 30 hinne lizzen. Dizze stagnaasje jildt ek lanlik en boppedat nimt it tal ferwûne minsken yn it ferkear al jierren ta.

Stribje nei nul

Yn it hiele lân wurde der allerhanne maatregels nommen om it tal deaden op de dyk nei nul te bringen. Yn maaie 2017 hawwe de Provinsjale Steaten fan Fryslân al foar in moasje stimd dat der stribbe wurde moat nei nul deaden yn it ferkear yn ús provinsje. Ek it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat him dêr oan bûn. Yn desimber 2018 hat minister Cora van Nieuwenhuizen it 'Strategisch Plan Verkeersveiligheid 2030' (SPV) presintearre. Dêr steane allerhanne ambysjes yn, lykas it stribjen nei nul ferkearsdeaden.

Dat liket lykwols tige dreech, want hoe kinne je no eltse deade foarkomme? Stichting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid (SWOV) hat it ambisjeuze plan fan it ministearje ûnder de loep nommen en skriuwt dat ek it regear terjochte seit dat écht werom nei nul ferkearsslachtoffers eins net realistysk is.

Sipke van der Meulen fan it Regionaal Orgaan verkeersveiligheid in Fryslân (ROF) fertelde ôfrûne jier dat de nul mear sjoen wurde moat as in stip oan de hoarizon. Neffens him moatte je útgean bliuwe fan it idee dat eltse deade der ien tefolle is. Allinne sa kinne de bêste maatregels nommen wurde.

Yndividuele karren

De ûngelokken dy't je as oerheid net foarkomme kinne, binne de ûngelokken dy't barre troch karren fan yndividuën. Dy karren kinne op himsels net feroare wurde. Wol kinne je derfoar soargje dat ferkearssituaasjes sa min as mooglik oan de yndividuele ferkearsdielnimmers oerlitten wurde. Bepaalde situaasjes kinne bygelyks sa oanpast wurde dat der safolle as mooglik dúdlik is foar ferkearsdielnimmers.

In foarbyld is de N359 yn de provinsje. Op dizze dyk wurdt wurke oan net-lykflierse krusingen. Sokke krusingen foarkomme dat eltse ferkearsdielnimmer yn in situaasje komt dêr't de persoan sels in ynskatting meitsje moat oer bygelyks it oerstekken. Sa'n ynskatting kin mislearje en ta in ûngelok liede. Troch dy kar fuort te heljen kinne je der dus foar soargje dat de kâns op in ûngelok lytser wurdt.

Tûke krusing yn N359 by Húns en Leons - Foto: Rintsje Zijlstra

Ek wurde der saneamde 'tûke krusingen' ynrjochte. Op dizze krusingen wurdt der mei digitale buorden oanjûn oft der ferkear fan links of rjochts komt op it kruspunt dat je benei komme. Sa hoeche je as bestjoerder dus net sels te bepalen oft je ôfremje moatte, kinne je yn in konstant tempo trochride as der gjin krusend ferkear is en sa nimt de kâns op ferkearde ynskattingen ôf.

Deputearre Avine Fokkens oer de sifers

(advertinsje)
(advertinsje)