FIDEO: Hoe is it om thús eksamen te dwaan?

14 apr 2020 - 22:37

De skoallen binne no al in pear wiken leech, mar de learlingen moatte wol hurd oan it wurk. De eksamenklassen hoege gjin sintraal eksamen mear te meitsjen, mar wol skoaleksamens.

Annelie Lemke út Himpens sit yn 5 HAVO op it Piter Jelles Impuls yn Ljouwert. Foar har stie tiisdeitemoarn it eksamen Ingelsk op it programma. Ferslachjouwer Jeroen Boersma gie by har del om te sjen hoe oars dat is as wannear't se it op skoalle meitsje soe.

(advertinsje)
(advertinsje)