Arriva-direkteur Hettinga lilk oer folle trein en swartriders: "Hâld dy oan de regels"

14 apr 2020 - 22:34

Direkteur Anne Hettinga fan Arriva is der min oer te sprekken dat in trein fan Ljouwert nei Grins moandeitejûn te fol mei reizgers siet. De trein hat in skoft stilstien yn Bûtenpost en de masinist frege minsken út de stappen. Neidat in tal dat dien hie, koe de trein wer fierder.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De ferlieding is foar in soad minsken grut om yn it wykein it iepenbier te brûken, ek al is it net needsaaklik. Arriva ropt op dat perfoarst net te dwaan. "We dogge in hiel serieuze oprop om yn dizze perioade it iepenbier ferfier te mijen, as je it net echt nedich ha foar je wurk", seit Hettinga. "Yn dizze perioade moatte we strikt de regels dy't de regearing útfeardiget, neilibje. Je bringe net allinnich jesels, mar ek je meireizgers en ús minsken fan Arriva yn gefaar. En dat wol ik net."

Hieltyd mear swartriders

Tiisdei waard ek bekend dat it tal swartriders de lêste tiid grutter wurdt. Hettinga fynt it net te leauwen. "Ik fyn it ûnfoarstelber dat je yn sa'n perioade dêr't wy no mei ús allen yn sitte, mei syn santjin miljoenen, miene dat je dochs misbrûk meitsje moatte fan de omstannichheden en net te beteljen. Dat dogge je net!"

Hettinga sit bot yn oer de feiligens fan syn personiel en wol net dat se hanthaveners wurde moatte. "Op it momint dat der net betelle wurdt, moatte ús minsken wer yngripe. Dan moatte der boeten útdield wurde en dat kin wer liede ta agresje. Just yn dizze perioade wolle we safolle mooglik foarkomme dat ús minsken yn gefaar komme. Wês no gewoan sportyf en doch mei oan wat it 'overgrote' diel fan de Nederlanners docht. Betelje foar it iepenbier ferfier om foar te kommen dat der him omstannichheden foardogge wêrtroch't in oar yn gefaar komt."

Direkteur Anne Hettinga fan Arriva

(advertinsje)
(advertinsje)