Frijwilligers socht om tûzenen Fryske sintsjes yn te sprekken yn database Mozilla Voice

De provinsje Fryslân en ferskate Fryske organisaasjes - lykas de Afûk, de Fryske Akademy en Omrop Fryslân - binne op syk nei frijwilligers om tûzenen Fryske sintsjes yn te sprekken yn de database fan Mozilla Voice. Dat kin gewoan thús op de eigen laptop of smartphone.
© Omrop Fryslân
De open source database sammelet op dit stuit sprutsen materiaal fan tsientallen talen. It doel is om masines en apps te learen hoe't echte minsken sprekke, sadat yn de takomst soarchrobots, websides en apps folle makliker as no ek Frysk, en alle oare beskikbere talen, prate kinne.
De provinsje, de Omrop en ek Mozilla wiene fan doel om de ôfrûne wike yn in spesjale aksjewike safolle mooglik Fryskpraters oan te moedigjen om in stikmannich fan dy Fryske sintsjes foar har rekken te nimmen. Mar dy aksjewike gie net troch fanwege de coronabeheinings. Omdat it wurk oan dy Fryske database wol trochgean moat, dogge se in oprop oan alle Friezen dy't no thússitte om in pear sintsjes yn te sprekken op de webside voice.mozilla.frl.

Eigentiids Frysk

"Om út de fuotten te kinnen mei in database sprutsen taal, hawwe je op syn minst 300 oeren materiaal nedich", fertelt Wim Benes fan de Fryske ôfdieling fan Mozilla. "We sitte no op fiif oeren en kinne dêrom wol wat help brûke."
It giet by it ynsprekken yn it foarste plak om 10.000 sintsjes eigentiids Frysk, dy't de Fryske Akademy spesjaal foar dit doel gearstald hat. "It is ek wichtich om in sa grut mooglik ferskaat oan stimmen te hawwen", fertelt Benes. "Manlju en froulju, jong en âld en ek alle útspraakfarianten fan it Frysk binne fan herte wolkom."

Fryskpratende soarchrobot

Wurk meitsje fan in database sprutsen Frysk is in bewuste kar fan de provinsje Fryslân yn oerlis mei ferskate Fryske organisaasjes. Spraaktechnology wurdt sjoen as de takomst yn de wrâld fan websides, soarchrobots en appbouwers. In taal dy't net beskikber is, ferliest in grut stik terrein. Boppedat is it ferlet hiel konkreet, neffens Benes. "Yn de âldereinsoarch is de soarchrobot yn opkomst. It is bekend dat Fryske âlderein it leafst in Fryskpratende robot hat, dêr fiele se har it noflikst by."
De organisaasje Mozilla is it meast bekend troch de browser Firefox, dy't ek al jierren beskikber is yn it Frysk. Foar de provinsje is dizze organisaasje nijsgjirrich, omdat it om in open source database giet, dy't oare partijen brûke kinne sûnder dat se dêrfoar hoege te beteljen. "Elk dy't in app bout, kin der gebrûk fan meitsje. Oft it no om in grut bedriuw giet, of om in studint op in souderkeamer."
Wim Benes fan Mozilla