24-jierrige man ferstoarn by iensidich ûngelok Menaam

14 apr 2020 - 21:05

By in iensidich ûngelok op de Mieddyk by Menaam is tiisdeitejûn in 24 jierrige man út Menaam om it libben kaam. It slachtoffer rekke mei de auto troch ûnbekende oarsaak fan de dyk en kaam yn de sleat telâne.

Foto: De Vries Media

De helptsjinsten kamen manmachtich op it plak fan it ûngelok, mar koene foar de autobestjoerder neat mear betsjutte. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. De Mieddyk hat tiisdeitejûn in skoft ôfsletten west foar it ferkear.

Trefwurden: 
Menaam deadlik ûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)