Omrop TIP: Kommissaris Brok sprekt Fryslân ta oer 75 jier befrijing

Omrop Fryslân stjoert no woansdei 15 april in ekstra gearkomste fan Provinsjale Steaten út oer de befrijing fan Fryslân 75 jier lyn. Dêryn sil kommissaris fan de Kening Arno Brok Fryslân tasprekke. De gearkomste wurdt ynklusyf taspraak op woansdei 15 april om 09.55 oere streekrjocht útstjoerd op telefyzje en online by Omrop Fryslân.
75 jier frijheid Fryslân © Tresoar
Mei-inoar dizze dei fiere ferbynt, jout krêft en treast.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
Kommissaris drs. A.A.M. Brok: "It is belangryk om by dizze dei stil te stean. Frijheid is in grut guod en wurdich om te fieren en te betinken. Ek yn dizze tiden dat minsken noed hawwe oer corona. Mei-inoar dizze dei fiere ferbynt, jout krêft en treast. We meie op de 15e dêrom de flagge úthingje yn ús provinsje. Ik sil dêr yn myn taspraak ek op yngean."
It wie de bedoeling om de Fryske Befrijingsdei grut te fieren. Troch de coronakrisis kin dat net. De minister fan Ynlânske Saken hie oankundige te kommen, ambassadeurs, feteranen en de leden fan Provinsjale Steaten. Yn stee dêrfan is der no in koarte gearkomste dy't de leden fan Provinsjale Steaten digitaal, dus op ôfstân, bywenje sille.
Live te folgjen by Omrop Fryslân
De Steategearkomste is woansdei 15 april fan 09.55 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mei dêryn de gearkomste, de taspraak fan de kommissaris en twa muzikale bydragen fan Elske DeWall.