SportCast: "Ik zou niet onder Roozemond kunnen werken, wel naast hem"

14 apr 2020 - 18:45

It aventoer yn Australië is hommels oan de ein kaam foar Gertjan Verbeek. Hy is coach fan Adelaide United, mar troch de coronakrisis makke de klup syn lean net mear oer. Verbeek is mei ien fan de lêste flechten fan Australië nei Nederlân kaam en sit no yn Dalfsen yn karantêne mei frou en dochter. Hy fertelt dêr wiidweidich oer yn de nije SportCast.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, fia Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te harkjen.

Australië

Verbeek hat in soad meimakke yn in lyts jier yn Australië. Earst wûn er mei Adelaide United de beker. Njonken it fjild makke er de boskbrannen yn it lân mei. En no is syn tiid dêr foarearst ôfrûn. Hy krijt net mear útbetelle en is benaud dat er woansdei noch mear min nijs krijt út Adelaide. "Ik denk dat we nog meer slecht nieuws krijgen. Ik ben bang dat we de maand maart ook niet uitbetaald krijgen. Dat dat zomaar kan, is raar. Het gaat als een nachtkaars uit."

Australiërs kinne noch rekkenje op in temjittekomming fan 750 dollar fan de oerheid, mar om't Verbeek in bûtenlanner is, jildt dat net foar him. Hy wit net oft er noch weromgiet nei Adelaide, nettsjinsteande dat syn kontrakt noch in goed jier trochrint. Neffens Verbeek is it ek mar ôfwachtsjen oft guon Australyske klups net fallyt gean sille.

Yn de tiid dat der noch wol gewoan fuotballe waard yn de Australyske A-league hie Verbeek it goed nei it sin: "De kwaliteit is te vergelijken met de Keuken Kampioen Divisie. Ik denk dat Cambuur hier meedoet om het kampioenschap. Wij hebben meegedaan bij de bovenste zes plaatsen en de beker gewonnen, dus dat was prima."

SC Hearrenfean

Hoe't de takomst fan de âld-trainer fan SC Hearrenfean derút sjocht, is noch net wis. Hy hâldt alle opsjes iepen, al liket it him ek wol wat om it trainingspak te ferruiljen foar it kreaze pak. "Het is niet uitgesloten dat ik ergens als trainer voor de groep verschijn, maar ik zou ook graag de beleidsmatige kant op willen."

De logyske ferfolchfraach is fansels: kin dat by Hearrenfean? "Ik vind het nog steeds een hartstikke mooie club. Ik denk dat ik nog steeds hartstikke goed pas bij de cultuur van Heerenveen, hoe die was en hoort te zijn. Ik vind het hartstikke leuk dat een van mijn vroegere spelers, Johnny Jansen, het momenteel hartstikke leuk doet."

Ferline jier hat Verbeek besocht ynfloed te krijen binnen de klup, mei in hiele groep echte klupmannen as Foppe de Haan en Riemer van der Velde. Direkteur Cees Roozemond hat mei harren yn petear west, mar derfoar keazen gjin gebrûk fan harren te meitsjen. Kin Verbeek gearwurkje mei Roozemond? "Ik zou niet als manager onder Roozemond kunnen werken, wel als directeur naast hem. Dat zou misschien kunnen. Maar dan moet je gesprekken voeren, dan moet je zien of je elkaar kunt vinden. Vorig jaar konden we elkaar niet vinden, dat is duidelijk."

Gertjan Verbeek - Foto: Omrop Fryslân

Hearrenfean-alvetal fan de ieuw

Echte klupminsken fan SC Hearrenfean freegje we yn de SportCast nei in spiler dy't neffens har of him thúsheart yn it 'alvetal fan de iuw'. Dat is om't SC Hearrenfean dit jier hûndert jier bestiet. Fan de alve plakken is al ien fersein, fansels oan Abe Lenstra. Bliuwe der tsien plakken oer. Gertjan Verbeek kiest foar Paul Bosvelt. "In die tijd was hij voor ons de missing link op dat moment. Ik heb ontzettend fijn met hem gewerkt. Leeftijd zegt niets, het gaat om motivatie."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer yn de SportCast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(advertinsje)
(advertinsje)