Fryske Bouquetskriuwer: "Efkes werom nei wat passy en leafde yn tiden fan corona"

14 apr 2020 - 18:20

Romanskriuwer Martin Scherstra út Dokkum mei einlings út de kast komme as de skriuwer fan de earste Frysktalige doktersroman út de Harlequin Bouquetrige. Under it pseudonym Fleur van Ingen skreau hy de roman 'Leafde yn Ljouwert', oerset nei it Frysk troch Martsje de Jong.

"Under de dûs besiket Hein van Kammen om de foarige jûn fan him ôf te spielen. Hy woe gjin frijgesellefeest, want hy wol net trouwe. Helaas móat er wol. Foar syn mem, foar syn sakeymperium... 'Jo moatte fuortdaalk dizze keamer út!' galmet it ynienen troch de badkeamer. Skrokken draait er him om, en hy sjocht in prachtige blonde frou, dy't him poerlilk oanstoarret. Wêrom is se sa boas op him? En wêrom seit in twingende stim yn syn holle: It giet oan!" (sitaat út: 'Leafde yn Ljouwert')

Leafde yn Ljouwert - Foto: Harlequin

It romantyske ferhaal 'Leafde yn Ljouwert' spilet him ôf yn it Stedhâlderlik Hôf yn Ljouwert. De ambisjeuze manager Jinte Jellema krijt dêr in stoarmeftige relaasje mei de kreaze Fryske tycoon Hein van Kammen.

It Stedhâlder Hôf is troch Scherstra bewust keazen. "Der hinget altyd sa'n prachtige mystyk om hinne. Ik kin net krekt útlizze hoe't dat komt, mar ik fyn it ien fan de moaiste plakken yn Fryslân. Dat dêr dan de leafde, ien fan de moaiste dingen fan it libben, ta stânkomt, is in prachtige kombinaasje."

Skriuwer Martin Scherstra (pseudonym Fleur van Lingen) - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Hoe komt it mei de leafde yn dizze coronakrisis?

Minsken ha yn dizze tiid grut ferlet fan leafde, sa tinkt Scherstra. "Alles is tsjintwurdich negatyf en dêr wurde je fansels net bliid fan. We wolle graach wat leafde en omtinken yn dizze tiid. De ôfstân fan oardel meter is al hiel gewoan wurden, mar dat is it eins net. Minsken wolle ticht by inoar wêze, krûpe en tútsje. Mei dit boek is it mooglik om wer efkes nei de tiid fol passy en leafde te fleanen. Je fine echt de ôflieding dy't je brûke kinne."

Boekeferkeap giet razendhurd

Hielke Visser fan de Fryske útjouwerij Regaad, dy't spesjaal foar dizze Fryske edysje oparbeide mei Harlequin, seit dat er him earst wol wat soargen makke oer de promoasje en ferkeap fan it boek. "Wy wienen bot benaud dat troch it coronafirus dit boek wolris ûndersnijd wurde koe. Wat wy no lykwols merke is dat minsken it just wol noflik fine dat it mei dizze roman no just efkes net oer corona giet." Der is ferlet fan wat nije ferhalen. En dan is in apartichheidsje as dizze Fryske roman fansels hartstikke aardich."

De earste druk ferskynt yn in oplage fan 2.500 boeken. 'Leafde fan Ljouwert' leit sûnt tiisdei by de boekwinkels yn 'e skappen en is ek online te bestellen. "Us eigen foarried by Regaad giet hartstikke hurd. Guon keapje fuort in doaze mei 50 boeken yn ien kear."

(advertinsje)
(advertinsje)