Fryslân fan boppen: hjir fleane de drones woansdei en tongersdei del

Fan woansdei ôf fleane der twa wiken lang op wurkdagen drones boppe de provinsje om Friezen in hert ûnder de riem te stekken. It projekt Fryslân fan boppen is betocht troch de Fryske boargemasters en LF2028. Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante stjoere de bylden út. Besjoch hjir de fleanrûtes fan woansdei en tongersdei.
© Omrop Fryslân
Yn dizze bysûndere en spannende tiden dy't in soad oanpassingen freget fan elkenien, wolle de boargemasters fan ús provinsje de Friezen in hert ûnder de riem stekke. Alle wurkdagen sille de drones in rûte oer ús provinsje fleane, om alle hertferwaarmjende stipe yn byld te bringen dy't ynwenners, bedriuwen en oare organisaasjes út de eigen tún sjen litte kinne.

Befrijingsrûte

De drones sille woansdei 15 april de befrijingsrûte fleane fan Appelskea nei Ljouwert, fia Easterwâlde, Donkerbroek, Wynjewâld, Oerterp, Drachten, Surhústerfean, De Harkema, Koatstertille, Twizel, Noardburgum, Hurdegaryp en dan troch nei it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Op de Aldehou sil in flagge hyst wurde.
In Kanadeeske jeep sil de rûte fan de drones ride. It is de rûte dy't de Kanadeeske befrijers 75 jier ferlyn rieden. Der wurdt flein tusken 9.00 en 11.30 oere. Fan 9.00 oant 10.00 oere fleane de drones fan Appelskea nei Drachten en fan 10.00 oere ôf fan Surhústerfean nei Ljouwert.
© Omrop Fryslân

Slachterûte

Op dei twa, tongersdei 16 april, sille de drones de Slachterûte fleane, dy't fan Easterbierrum nei Raerd giet. Tusken 9.00 en 10.00 oere fljocht er fan Easterbierrum nei Tsjummearum, Seisbierrum, Wynaam, Hjerbeam, Hitsum, Achlum, Arum, Lollum en Tsjom. Fan 10.00 oere ôf sille de drones boppe Kûbaard, Wommels, Easterein, Hidaard, Reahûs, Itens, Rien, Lytsewierrum, Boazum, Britswert, Wiuwert, Easterwierrum, Reduzum en Raerd fleane.
De Slachtemaraton soe dit jier op 13 juny wêze, mar troch it coronafirus is dizze útsteld nei takom jier. Om praktyske redenen sil de rûte oarsom flein wurde. De bewenners wurde frege om tongersdei de wite wask bûten te hingjen.
© Omrop Fryslân
Elkenien dy't in aksje ûnderweis opset, kin it oanmelde fia dit formulier. Wy kinne net garandearje dat elkenien yn byld komt, der sil in kar makke wurde moatte fanwegen de beskikbere tiid. Mooglik ûnferwachtse omstannichheden meitsje dat minsken (yn de doarpen) oan de rûte rekken hâlde moatte mei in healoere speling, sawol earder as letter.
Fryslân fan Boppen is fan tongersdei 16 april ôf te sjen op telefyzje ûnder de Middei fan Fryslân tusken 14.00 en 16.00 oere en jûns om 21.30 oere in kompilaasje op telefyzje en op omropfryslan.nl/fryslanfanboppen.