Direkteur Maritime Akademy wol skoalle wer iepen: "Farre moatte je leare op in skip"

As it heal kin, moat de Maritime Akademy yn Harns nei de maaiefakânsje wer iepen. Neffens direkteur Arjen Mintjes reitsje de learlingen tefolle achterop as se net yn de skoalle les krije kinne. "Farre moatte je gewoan leare op in skip of yn in simulator."
Arjen Mintjes
De skoalle yn Harns beskikt oer ferskate echte skippen en oer "ien fan de meast moderne skipssimulatoaren yn de wrâld". De skoalle hat in fersimpelde ferzje fan dy simulator ree makke foar op de laptop, sadat de learlingen thús yn alle gefallen net stil hoege te sitten. "It is leuk dat se sa oefenje kinne, mar wy ha fjouwer opliedingsskippen dy't stillizze en wy wolle graach mei dy echte skippen wer oan 'e gong."
Arjen Mintjes yn de simulator op de skoalle © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Neffens Mintjes kinne de learlingen net samar in heal jier efterop reitsje: "Wy wurkje foar in brânsj dêr't in grut tekoart oan personiel is. Us learlingen binne in wichtich ûnderdiel fan it personiel oan board, dus wy wolle graach oan de brânsj op tiid goed oplaat personiel leverje."