Dosint ferpleechkundige pakt syn âlde berop wer op en wurket op ic

14 apr 2020 - 17:25

Hy docht it omdat de need oan de man is: Peter Elgersma fan It Hearrenfean ferfollet fanwege de corona-útbraak in dûbelrol. Hy is as dosint ferpleechkunde dwaande learlingen op it Friesland College te begelieden en stiet ek oan it bêd op de intensive care fan sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean.

Op Peaskemoandei rûn er noch om op de intensive care yn it sikehûs, tiisdei hie ferpleechkundedosint Peter Elgersma oer in fideoferbining oerlis mei oare dosinten. Se dielden ûnderfiningen út dy't se opdien hawww. In soad fan harren learlingen rinne staazje yn soarchynstellingen en hawwe it dreech mei de corona-útbraak.

Elgersma hat besletten syn âlde berop as ferpleechkundige wer op te pakken. No't de need oan de man is, wol hy syn help oanbiede en dêr wurdt tankber gebrûk fan makke. Tusken it wurk op de corona-ôfdieling troch gean syn lessen gewoan troch. Hy jout op ôfstân beglieding oan syn learlingen.

Yn beskermjende klean oan it wurk op de IC - Foto: Peter Elgersma, eigen foto

Elgersma wurket yn it sikehûs as 'runner' en op de 'omloop'. It is syn taak om ferpleechkundigen te stypjen. Hy bringt materialen lykas mûlkapkes del en soarget derfoar dat der bêden klearstean. Tiid om te wennen hat er net echt nedich, alhoewol't it al wol hast tweintich jier lyn is dat er yn it sikehûs wurke.

"As je ien kear ferpleechkundige west ha, dan bliuwe je dat. In soad saken dy't foarbykomme op de intensive care komme my wer bekend foar." Dochs skrikt er wol fan de slim sike coronapasjinten. "Ik hie der troch de media wol in byld fan. Ik ha wol wat meimakke en skrik der net fan, mar it is wol in stikje 'bewustwording'. It liket oft de minsken sliepe, se binne echt hiel slim siik."

De dosint ferpleechkunde hie net betinke kinnen dat er ea wer yn it sikehûs wurkje soe. "It is hiel tankber dat ik wer wat weromdwaan kin yn de soarch." It drukt him wol mei de noas op de feiten, hoe't it der yn de realiteit om en ta giet, as er sjocht hoe swier oft it wurkjen mei coronapasjinten is. "Dêr ha ik echt in soad respekt foar. Se wurkje yn skiften fan twa oeren op en twa oeren ôf. Dat moat ek wol omdat it fanwege de waarmte echt hiel swier is."

Elgersma bliuwt foarearst op de intensive care oan it wurk. It is ôfwachtsjen hoe't it tal pasjinten him ûntwikkelet. "As der ferlet is, bliuw ik hjir oan it wurk en oars gean ik wer folslein it ûnderwiis yn."

(advertinsje)
(advertinsje)