Man út Easterwâlde lieder fan gewelddiedige wapenbinde

Hendrik van der H. út Easterwâlde wurdt sjoen as de lieder fan in binde, dy't ein febrewaris yn ûnder oare syn wenplak oprôle waard. Hy wurdt fertocht fan wapenhannel, oplichting en poging ta deaslach. Fierder wurdt hy fertocht fan mishanneling, minskehannel en it besit fan fjoerwapens en munysje. Dat hat it Iepenbier Ministearje tiisdei bekend makke. Woansdei wurdt Van der H. opnij foarlaat oan de rjochter-kommissaris.
© Omrop Fryslân

Twa fertochten wurde frijlitten

De rjochter-kommissaris moat bepale oft it foararrest fan Van der H. en sân oare fertochten mei nochris trije moannen ferlinge wurdt. Twa oaren wurde frijlitten. Der is foarearst gjin oanlieding om harren langer fêst te hâlden. Wat de ekstra oanklacht fan minskehannel krekt ynhâldt wol it Iepenbier Ministearje net sizze. Der kin likernôch tocht wurde oan twongen prostitúsje of it twingen te wurkjen yn in himpkwekerij.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Belgyske konneksje

Van der H. waard 27 febrewaris tegearre mei in hantlanger oppakt yn in kringloopwinkel yn Easterwâlde. By it trochsykjen waarden dêr wapens, munysje, eksplosiven en drugs fûn. De plysje giet der fan út dat de kringloopwinkel it haadkertier wie fan de organisaasje. Moandei waard bekend dat der bannen wienen tusken dizze groep en in binde út Antwerpen. De groep út Easterwâlde levere wapens en eksplosiven oan de Belgen.
Neffens it Iepenbier Ministearje steane beide saken los fan inoar. "Wij deden hier al onderzoek naar de hoofdverdachte, Van der H.. We kregen een melding dat hij bezig zou zijn met het plegen van strafbare feiten. Tijdens dat onderzoek kregen we een steeds duidelijker beeld van wie er nog meer bij betrokken waren", sa seit wurdfierder Bart Olmer fan it IM. "Beide onderzoeksteams hebben wel informatie gedeeld, maar geen gezamenlijk onderzoek gedraaid."
De saak yn Antwerpen kaam oan it rôljen nei ôfharke petearen yn de wenning fan de Belgyske haadfertochte. Dêr waard dúdlik dat de wapens en de eksplosiven dy't de binden yn besit hiene út Noard-Nederlân kamen.
© Pro News
Sjitpartij Drachten
Stadichoan wurdt ek mear bekend oer wat der by de arrestaasje fan ien fan de oare fertochten yn Drachten bart is. By dy oanhâlding waard in 43-jierrige Marummer yn syn skonk sketten. Neffens it Iepenbier Ministearje barde dat op it momint dat de man wapens oerdrage woe. De resjerzje hie de fertochte de hiele tiid yn byld en de situaasje ûnder kontrôle, sa stelt it IM. It liket der op dat de plysje de oerdracht yn sêne set hat om sa de fertochte op 'e die trappearje te kinnen.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer de saak
By de ferskate ynfallen binne in soad wapens yn beslach naam. It giet om trije Kalashnikovs, ferskate hânfjoerwapens, swiere eksplosiven en munysje fan ferskate swiere kaliber wapens. Fierder waard der krûd fûn, kapmessen, honkbalkneppels en soer. Yn de auto yn Drachten waarden twa Kalashnikovs, twa pistoalen en trije kilo amfetamine oantroffen. Yn in oare auto binne twa automatyske wapens fûn wêrûnder ien Kalashnikov. Yn in trochsochte wente binne de lege ferpakkingen fûn fan hângranaten.
De plysje wist fierder by de trochsikingen beslach te lizzen op kompjûters, simkaarten, telefoanen, falske identiteitsbewizen en administraasje. Ek waard yn de tún fan ien fan de fertochten in yngroeven tonne fûn en waard mei help fan in sykploech mei röntgenapparatuer fan Definsje in ôfsletten klûs fûn.