Buertbewenners fine rêchtas mei wapens yn Drachten

14 apr 2020 - 16:15

Yn Drachten is snein in rêchtas mei fjoerwapens en munysje fûn. Buertbewenners fûnen de rêchtas yn de boskjes fan de strjitte De Bolten en warskôgen de plysje. Dy hat de tas, de fjoerwapens en de munysje meinaam. En ûndersiket no wêr't it allegear weikomt en hoe't it dêr yn de boskjes bedarre is.

Foto: Plysje

Plysjewurdfierder Anne Kok oer de fynst

Trefwurden: 
Drachten fjoerwapens rêchtas
(advertinsje)
(advertinsje)