Bert Wassink: "Coronacrisis is goed moment om na te denken over energietransitie"

14 apr 2020 - 16:11

Ynwenners fan Fryslân kinne de kommende trije wiken oanjaan hoe't se belutsen wurde wolle by de plannen foar in skjinne enerzjy yn Fryslân. De Fryske oerheden wolle de enerzjyfoarsjenning ferduorsumje en belûke de Friezen hjir graach by.

Op de webside www.kiesvoorjelte.nl kinne belangstellenden in fragelist ynfolje. Dit kin oant en mei 3 maaie. Jelte stiet symboal foar de takomst. Hy is no noch te lyts om mei 'grutteminskesaken' dwaande te wêzen. Dêrom moatte de folwoeksenen dat dwaan.

De útkomsten fan de fragelist wurde meinaam by it meitsjen fan de definitive Friese Regionale Energie Strategie, de saneamde RES. Dy beskriuwt hoefolle elektrisiteit oft Fryslân yn 2030 opwekke sil mei wyn- en sinne-enerzjy op it fêstelân. De RES is in útwurking fan it klimaatakkoart.

"No is it momint"

It online riedplachtsjen is betocht omdat foarljochtingsbyienkomsten no net mooglik binne. Fierders wol wethâlder Bert Wassink fan de gemeente Ljouwert it ûnderwerp duorsume enerzjy graach ûnder de oandacht bringe. "Er zijn nu veel mensen thuis. Dan is het juist een goed moment om erover na te denken hoe we verder gaan na de coronacrisis."

Fertraging

Troch de coronakrisis rint de enerzjystrategy wol wat fertraging op. De Fryske regionale enerzjystrategy hie klear wêze moatten foar 1 juny. Dy termyn is no troch it Ryk ferlinge oant 1 oktober. Dat ien en oar no wat langer duorret, mei perfoarst net liede ta ôfstel of minder ynspannings foar skjinne enerzjy, is Wassink fan betinken. "We moeten vooral niet terug naar de te vervuilende maatschappij van voor de crisis. We moeten echt nadenken over hoe we onze huizen anders kunnen verwarmen. Daar krijgt iedereen mee te maken."

It is goed mooglik dat nei de simmer ek noch in searje ynformaasjegearkomsten yn doarpshuzen folget, as dat tsjin dy tiid wer kin.

Eigen fragelist Súdwest-Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân is ôfrûne freed fan start gien mei in eigen fragelist oer de enerzjytransysje. Ynwenners út dy gemeente dy't nei kiesvoorjelte.nl gean wurde automatysk trochstjoerd nei de eigen fragelist.

Nederlân is yndield yn tritich regio's as it giet om de oergong nei skjinne enerzjy en minder CO2 útstjit. Fryslân is ien fan dy regio's. De achttjin gemeenten, Wetterskip Fryslân en netbehearder Liander wurkje hjiryn gear ûnder lieding fan deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Bert Wassink. De Fryske konsept-RES is klear. Hjiryn stiet watfoar elektrisiteit al opwekt wurdt yn Fryslân, hoefolle oft der yn de planning stiet om enerzjy op te wekken en hokker kânsen der binne om Fryske wenningen ierdgasfrij te ferwaarmjen. Mear ynformaasje hjiroer is te finen op www.resfryslan.frl

Wethâlder Bert Wassink fan Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)