Twa nije fertochten oanhâlden foar rôfoerfal Drachten

14 apr 2020 - 15:20

De plysje hat tiisdeitemoarn twa fertochten oppakt dy't belutsen west hawwe soene by in rôfoerfal op in frou fan 93 yn Drachten. It giet om twa jonges fan 18 út Drachten en de gemeente Achtkarspelen. It slachtoffer waard yn oktober ferline jier yn har eigen hûs oerfallen en mishannele.

Foto: ProNews

De oerfallers naaiden út mei kostber guod en brieven fan har ferstoarne man. Ien fan de dieders sit al fêst, mar út ûndersyk die bliken dat dy mooglik twa kompanen hân hat. Tsjûgen hiene fjouwer jonge manlju sjoen, dy't in skoft by it hûs fan de frou omhongen. De plysje seit dat se noch op syk binne nei de fjirde fertochte. Yn it tv-programma Opsporing Verzocht waard foarige wike wiidweidich omtinken jûn oan de saak.

Trefwurden: 
Drachten oerfal Korenmolen
(advertinsje)
(advertinsje)