Dykfersterking Lauwersmardyk giet nije faze yn

14 apr 2020 - 14:20

Wetterskip Fryslân is úteinset mei de folgjende faze fan de fersterking fan de Lauwersmardyk. Mei elkoar moat oer sawat 4,5 kilometer de asfaltlaach ferfongen wurde. Ferline jier is der sawat in kilometer fan dien.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De oare beklaaiïng fan de dyk wurdt ek oanpakt. Mei it each op it coronafirus folget it wetterskip by it wurk de rjochtlinen fan it RIVM. Mar minsken kinne net komme te sjen op it Waddenbalkon dat der spesjaal foar oanlein is. En der binne ek gjin ekskurzjes. It wurk is nei alle gedachten yn de hjerst fan takom jier klear.

(advertinsje)
(advertinsje)