Tresoar lit Richthofenkolleksje bestudearje

14 apr 2020 - 14:15

Histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar yn Ljouwert lit in spesjale ûndersyksgroep de kommende tiid sjen nei de Richthofenkolleksje. Dat is in samling fan tsien midsiuwske rjochtshânskriften en jildt as in topkolleksje.

Richthofenkolleksje - Foto: Tresoar

It grutste part is yn it Aldfrysk en dat is bysûnder, want dêr binne net safolle fan. De ûndersyksgroep, Pastei, ûndersiket ûnder oaren hoe't de hânskriften der oan ta binne, fan wa't se west ha en hoe't se sa goed mooglik digitalisearre wurde kinne. It ûndersyk moat oer twa jier klear wêze. Dan is it krekt hûndert jier lyn dat de Richthofenkolleksje oankocht waard foar Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)