Omrop TIP: Film 'Een prachtige daad', oer jonge fuotballers yn de oarloch

14 apr 2020 - 13:52

Fuotballerkes út Amsterdam oerlibben it lêste oarlochsjier by gastgesinnen op It Hearrenfean en yn Oranjewâld. Yn de dokumintêre 'Een prachtige daad' fertelle se wat dy perioade foar harren betsjutten hat. De film is op tiisdei 14 april te sjen by Omrop Fryslân, ta gelegenheid fan 75 jier befrijing.

Doku Een prachtige daad

Yn de oarlochsjierren waard der noch folop fuotballe yn Nederlân, mar yn de simmer fan 1944 kaam dêr in ein oan. Nederlân wie ferdield yn befrijd en beset gebiet. Amsterdam rekke isolearre fan de bûtenwrâld, der wie in grut tekoart oan iten. It bestjoer fan VV Heerenveen (de 'memmeklub' fan sc Heerenveen) woe de fuotbalklups yn Amsterdam helpe. Se koene in feilich thús biede oan jonge fuotballers, sa liet it bestjoer witte.

Bestjoer VV Heerenveen - Foto: Museum Heerenveen

Uteinlik kamen der 86 fuotballers yn de puberleeftyd nei it Hearrenfean en Oranjewâld. Sy spilen by Ajax, DWS, Blauw Wit en De Volewijckers. Ien fan de gastgesinnen wie dat fan Abe Lenstra en syn frou. Abe wie doe ek al in idoal. De jonges hiene it aardich goed yn Fryslân. Se hoegden meastal net nei skoalle ta, én se koene trochgean mei fuotbaljen.

Abe Lenstra en syn frou Hil - Foto: Museum Heerenveen

Yn 'e simmer fan 1945 kearden de fuotballerkes sûn werom nei Amsterdam. Dêr wie it noch earmoede en ellinde. De fuotbalklups wiene VV Heerenveen tankber. It bestjoer fan DWS skreau: "Beste mensen uit Heerenveen, jullie hebt prachtig werk gedaan. Niet medelijdend hoofdschuddend 'gekletst' over die arme Amsterdammertjes, maar jullie hebt iets gedaan, waarvoor wij jullie ten hoogste dankbaar zijn."

Befrijdingsoptocht Hearrenfean - Foto: Museum Heerenveen

Oant op de dei fan hjoed wurdt der by de Amsterdamske klups mei waarmte weromtocht oan dizze 'prachtige daad'. Foar in soad jonges wie de perioade fan ynfloed op harren lettere libben, fertelle se yn de dokumintêre. 'Een prachtige daad' (2019) is makke troch Vanessa de Gaay Fortman en Pim van Bezooijen yn opdracht fan Ajax Erfgoed.

Mei de film wol Ajax tanksizze oan sc Heerenveen foar de ûnferjitlike died en de gastfrijheid fan 75 jier lyn, no't de Hearrenfeanse klup 100 jier bestiet. Ajax toant dêrmei syn belutsenheid mei it tema '75 jier befrijing'. De film is ein 2019 fertoand yn de Johan Cruijff Arena en yn it Abe Lenstrastadion. Op 14 april 2020 soe der in foarstelling wêze yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean, mar dy kin troch de coronakrisis net trochgean. Omrop Fryslân hat dêrom besletten 'Een prachtige daad' yn syn gehiel út te stjoeren op 14 april. Op 9 maaie sil Fryslân DOK in ferkoarte ferzje presintearje by NPO2 en Omrop Fryslân.

Vanessa De Gaay oer de dokumintêre

VV Heerenveen yn de oarloch - Foto: Omrop Fryslân

'Een prachtige daad', de dokumintêre fan Vanessa de Gaay Fortman en Pim Bezooijen is te sjen by Omrop Fryslân op tiisdei 14 april jûns om 21.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)