Fiif miljoen ferlies, kin de NOM noch wol bedriuwen helpe?

14 apr 2020 - 13:41

De Noardlike Untwikkelingsmaatskippij NOM hat ferline jier in ferlies makke fan mear as fiif miljoen euro. De organisaasje is oprjochte om bedriuwen yn Noard-Nederlân te stypjen as se groeie wolle. It ferlies komt op in min momint, want troch de coronakrisis stiet de wearde fan de portfolio fan de NOM ûnder druk.

Foto: nom.nl

In ferlies fan fiif miljoen is hiel ferfelend, mar de NOM kin it wol hawwe kwa eigen fermogen, seit direkteur Dina Boonstra. It is de earste kear yn tsien jier tiid dat de organisaasje op ferlies stiet. It ferlies wurdt feroarsake troch in tal ôffallers. De rinte- en de dividind-ynkomsten wiene leger en der binne gjin bedriuwen ferkocht, fertelt Boonstra.

Start-ups mei nije ideeën

Se kin noch net ynskatte hoe't it allegearre komt. Dat it net goed giet, is no al wol dúdlik. Der binne wol in pear bedriuwen by kaam mei nije ideeën dy't ynspylje op de coronakrisis, mar it moat noch dúdlik wurde wat der fan dy ideeën op de hispel komt.

Needlieningen

Boonstra ferwachtet net dat de NOM mei it ferlies fuortendaliks ek minder help biede kin oan bedriuwen. De doelgroep fan de NOM bestiet út bedriuwen yn it Noarden dy't foar jild net by it bankwêzen oanklopje kinne. Mei help fan oare ûntwikkelingsmaatskippijen yn Nederlân en mei it Ministearje fan Ekonomyske Saken komt der jild beskikber foar lienings dy't bedriuwen tydlik út de brân helpe kinne, sadat se troch kinne.

Dina Boonstra, direkteur Noardlike ûntwikkelingsmaatskippij NOM

(advertinsje)
(advertinsje)