Fryske sikehuzen tefreden mei online konsult

14 apr 2020 - 12:58

Noch altyd kinne yn de Fryske sikehûzen in protte ôfspraken net trochgean troch it coronafirus. In konsult op ôfstân kin dan útkomst biede. Oant in pear wiken lyn waard dat middel noch mar op lytse skaal ynset. Yntusken binne der allinne yn it sikehûs fan it Hearrenfean al hast 100 fan sokke ôfspraken pland. En de ferwachting is dat it webcam-konsult bliuwt, ek nei de coronakrisis.

Online konsult - Foto: ANP

"Het is voor ons wel even wennen geweest", fertelt Sûnenssoarch-psycholooch Eve Dumas fan sikehûs Tjongerskâns op it Hearrenfean. ""Maar we merken dat het eigenlijk heel erg goed gaat. Het is natuurlijk wel een hele nieuwe behandelingsmethode. Ik denk dat er absoluut consulten zijn die niet online zijn te doen, zoals lichamelijke consulten, maar psychologen kunnen bijvoorbeeld heel goed behandelingen blijven bieden." Boppedat, seit Dumas, kin medysk personiel op dizze wize ek kontakt hâlde mei minsken dy't no op corona-ôfdielingen lizze.

Wurkwize

"De patiënt krijgt een link via de e-mail en komt bij ons zo in de virtuele spreekkamer. Zo zien we elkaar dan via beeld. Ik stel geen andere vragen dan die ik bij een regulier consult aan de orde zou stellen". Net alle pasjinten beskikke oer in kompjûter of emailadres. "Maar wij merken dat de overige mensen het heel prettig vinden om toch in contact te blijven."

Online konsult befalle goed

Dumas ferwachtet dat de online konsulten bliuwe, ek at de coronakrisis yn de takomst foarby wêze sil. "We hebben eigenlijk al vrij snel gezegd dat we op deze wijze, op afstand, willen blijven werken. Het is fijn om mensen in echt te zien, maar toch zijn er mensen die het als belastend ervaren om voor een gesprek naar ons ziekenhuis te komen, bijvoorbeeld bewoners van de Waddeneilanden of mensen met een lichamelijke beperking of een vervoersprobleem. Op deze manier kunnen we deze mensen toch zorg bieden en daarom willen we er ook verder mee als de coronacrisis voorbij is."

Sûnenssoarch-psycholooch Eve Dumas

(advertinsje)
(advertinsje)