Kuiertocht om 75 jier befrijing yn Dokkum te fieren set dochs útein

14 apr 2020 - 12:08

Nettsjinsteande de coronakrisis set yn Dokkum in kuiertocht útein om 75 jier frijheid te fieren. Moandei is it op de kop ôf 75 jier ferlyn dat Dokkum om sân oere jûns hinne befrijd waard. De kuiertocht giet by belangrike lokaasjes út de Twadde Wrâldoarloch del.

In BS-lid by in Landwacht-auto njonken de Wâldpoartsbrêge yn Dokkum - Foto: Fries Verzetsmuseum

"Wy woene in foar elk tagonklik evenemint dat net oan tiid bûn is en dat is dizze kuiertocht", seit Onno Loonstra fan de organisaasje. It begjin is by it momumint oan de Wâldwei der't twichtich minsken deasketten binne troch de Dútske besetter as ferjilding. Mar ynstappe kin op elk plak oan de rûte en dielnimmers kinne der fjouwer wiken oer dwaan.

De rûte giet by plakken del dy't wichtich wiene yn de oarloch, bygelyks plakken dêr't Joadske ûnderdûkers sieten en it hûs dêr't fersetsman Oberman wenne. By alle punten stean buorden mei dêrop foto's en it ferhaal dat by dy lokaasje heart.

Oer de krekte ynfolling fan de 4 maaie-betinking yn Dokkum wurdt noch neitocht. Der wurde wol krânsen lein, mar dêr mei gjin publyk by wêze yn ferbân mei de coronakrisis. Mooglik sil de plechtichheid op telefyzje te sjen wêze.

Onno Loonstra fan it 5 Maaie Komitee Dokkum

(advertinsje)
(advertinsje)