Gjin nije stjergefallen en fyftjin nije positive tests, meldt GGD Fryslân

14 apr 2020 - 12:15

Der binne by GGD Fryslân gjin nije gefallen bekend wurden fan minsken dy't ferstoarn binne oan de gefolgen fan it coronafirus. Wol binne der fyftjin nije positive tests melden. Dat binne de lêste sifers oer it coronafirus, dy't komme fan de GGD.

Folgje alles oer it coronafirus yn ús liveblog.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

It oantal minsken dat oan de gefolgen fan it coronafirus ferstoarn is, bliuwt dêrmei op 32 stean. It tal positive tests dat by de GGD bekend is, rint op nei 369.

De GGD hat ek nei bûten brocht dat it tal sikehûsopnamen yn ús provinsje mei trije omleech gien is. It totaal stiet no op 62 minsken dy't it coronafirus hawwe en yn de Fryske sikehuzen lizze.

"Goeie kant út"

Neffens direkteur Wim Kleinhuis fan Feilichheidsregio Fryslân giet it stadichoan de goeie kant op, sa liket it alteast. "Wy sjogge dat it oantal sikehûsopnames ôfflakket en sels wat ôfnimt. Dat ûntwikkelet him hieltyd mear de goeie kant út. En dat jout hope."

Dochs ferwachtet Kleinhuis dat it tal positive testen dizze wike wer wat tanimme sil. "Want it ôfrûne wykein hawwe wy net sa'n soad test fanwege de peaskedagen."

Direkteur Wim Kleinhuis

Mei dat peaskewykein gie it oer it algemien goed yn Fryslân, op inkelde ferfelende ynsidinten nei. "Lykas by Sint-Jabik", ferwiist direkteur Kleinhuis. "Dat kin net, dus wy bliuwe warskôgje en boeten jaan as minsken harren net ferantwurdlik gedrage kinne."

Ekstra tests

Sûnt ferline wike moandei wurde soarchmeiwurkers mei klachten ekstra test. Dêrfoar binne yn it hiele lân ekstra testlokaasjes. Yn Fryslân stiet ien op it terrein by it laboratoarium Izore, yn Ljouwert.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)