Kollum: "5G: in hege frekwinsje fan sûn ferstân"

"Behalve hazzen, aaien, The Passion en de kleur giel is peaske synonym fan fjoer. Mearfâld 'fjurren'. Oant no ta, teminsten. Want yn ferbân mei de situaasje wiene alle fjurren ôfsein. Mar Nederlân soe Nederlân net wêze as dêr net in alternatyf foar yn 't plak kaam wie. Nammentlik it yn 'e brân stekken fan stjoermêsten.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tajûn, it fenomeen is oerwaaien kaam út Ingelân, mar it hat derfan dat in bysûndere, nije tradysje har oantsjinnet. Yn tal plakken binne stjoermêsten yn 'e hens gien, lykas yn Liessel, Oudenbosch, Rotterdam, Nuenen en Grins. De hashtag dy't je dêroan fêstplakke kin is dizze: hoesa?
Wolno, dat hat te meitsjen mei 5G, de kommende generaasje mobile netwurken. Der sirkulearje berjochten op it ynternet dat de radiostrielen fan 5G it fersprieden fan it coronafirus fersnelle, dat it sels it gefolch is fan it ynfieren fan 5G. Want hee, yn 2003 doe't 3G útrôle waard opponearre it sarsfirus him. Yn 2009 itselde mei 4G: doe hie de wrâld lêst fan de bargegryp. Meastal wurde dy berjochten folge fan in advys om je net faksinearje te litten oft der aanst in faksin tsjin corona is. Boargers wurde dan ommers net faksinearre, mar chipt
Der is sa'n protte mis mei sokke berjochten dat je amper witte wêr't je begjinne moatte. Hawar, lit ik útein sette mei Fred Woudenberg fan it Kennisplatform Elektromagnetische Velden. Dy stelt yn in reaksje dat it kleare flauwekul is. 'Elektromagnetyske fjilden kinne gjin firussen ferspriede, dat is natuerkundich ûnmooglik,' sa seit er. It berjocht dat corona sels it gefolch is fan 5G, is noch absurder. De mêsten dy't yn 'e brân stutsen binne wurde ommers noch net brûkt foar 5G, fanwegen it simpele feit dat it netwurk noch net útrôle is. Oarsaak en gefolch docht der yn sokke útwrydske teoryen net mear ta.
Noch wat gegevens: it firus ferspriedt him fleanende fluch yn lannen sûnder 5G-netwurk en liket earder ûnder kontrôle yn in lân as Súd-Korea, dat al it meast útwreide 5G-netwurk hat. Dat lêste kin komme om't de kommunikaasje optimaal is. Dy bytiden krúsjale kommunikaasje is der net as stjoermêsten yn 'e hens stutsen wurde. It sil dyn famyljelid mar wêze dy't mei spoed nei it sikehûs ta moat en 112 is net te berikken. Minister Grapperhaus neamde it in oanfal op de helptsjinsten en sadwaande op ús maatskippij.
Elkenien hat rjocht op syn eigen tinkbylden, lit dat dúdlik wêze. Oars wurdt dat as dy ta skea fan oaren gean. Dat bart der as stjoermêsten útskeakele wurde. Wat my oangiet smoart dizze nije peasketradysje dan ek yn in hege frekwinsje fan sûn ferstân."
De toan fan Willem Schoorstra