Boskwachter tinkt dat 'kampfjoerfeest' brân feroarsake yn fûgelhutte Iezumasyl

14 apr 2020 - 10:12

De brân dy't de fûgelhutte by Iezumasyl yn de jiske lei, is nei alle gedachten feroarsake troch in kampfjoerfeest. Dat seit boskwachter Henk Jan van der Veen fan Steatsboskbehear.

Foto: De Vries Media

Boskwachter: "Het is intens zonde, er is niets meer van over."

Der is neat mear fan de hutte oer, nei in brân yn it peaskewykein. Skande, seit Van der Veen. "Het is intens zonde. De hut is helemaal verloren."

Kampfjoerfeest

De boskwachter tinkt dat jongerein ferantwurdlik is foar de skea. "We hebben dit weekend op verschillende plekken gezien dat jongeren samenschoolden voor kampvuurfeesten. We vermoeden dat dat ook hier het geval is geweest."

Doe't plysjes dit wykein yn Sint-Jabik in ein makken oan sa'n kampfjoerfeest, waarden twa plysje-auto's fernield. Dêr hat de plysje fertochten yn byld. Oft dat yn Iezumasyl ek sa is, is net dúdlik.

"De politie zoekt de daders", seit Van der Veen. "Het zou mooi zijn als dat lukt. Dit zijn dingen die je niet graag ziet op je terrein."

Corona-maatregels

Yn de hiele provinsje ha boskwachters dit wykein kontrôles holden, om te sjen oft minsken har oan de corona-maatregels holden. Om fersprieding fan it firus foar te kommen jildt yn hiel Nederlân dat der boeten oplein wurde kinne as mear as twa minsken minder as oardel meter ôfstân hâlde.

"Net als afgelopen weekenden hebben we wel druk gesurveilleerd in onze gebieden. Af en toe zie je dat het wat drukker is, maar in mijn gebied, Zuidwest-Friesland, hield men zich goed aan de voorschriften. Er zijn eigenlijk geen rare dingen gebeurd."

It moaie waar soarge wol foar wat drokte, mar ekstra maatregels wiene net nedich, seit Van der Veen. "Onze terreinen zijn zo groot dat mensen zich kunnen verspreiden. Dat deden ze ook."

(advertinsje)
(advertinsje)