In mystearje: Wêrom stiet der in útbaarnde auto op it fytspaad by Terwispel?

14 apr 2020 - 06:58

Yn de buert fan Terwispel is in baarnende auto oantroffen. De auto stie op in fytspaad, en der wie net ien by. Helpferlieners ha yn de omkriten socht nei eventuele slachtoffers, mar dy wiene der net.

Foto: De Vries Media

Doe't de brânwacht oankaam, stie de auto folslein yn de brân. It fjoer wie rap ûnder kontrôle.

Folslein útbaarnd

De auto is folslein útbaarnd. It dak en de achterkant fan de auto wiene hielendal yndûkt. Dêrom is yn de omkriten socht nei eventuele slachtoffers. Dy wiene der net. En op it plak dêr't de auto fûn waard, wiene ek gjin remspoaren te sjen, of oare oanwizingen dy't tsjutte kinne op in ûngelok.

Plysjes ha noch yn de auto sjoen, om út te finen oft der wat yn siet dat nei de bestjoerder liede koe, mar der is neat oantroffen. It liket derop dat de auto op it fytspaad dumpt is, en dêrnei yn de brân stutsen.

De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
auto brân Terwispel
(advertinsje)
(advertinsje)