Utslaande brân yn winkelstrjitte Wolvegea: bakkerij slim troffen

14 apr 2020 - 06:19

By in brân yn in winkelstrjitte yn Wolvegea is in wenning boppe in bakkerij slim skansearre rekke. Doe't de brân útbruts, wie de bewenner yn de wenning. Dat meldt de brânwacht.

Sjoch hjirûnder nei bylden fan de brân:

De bewenner koe sels nei bûten komme. De buorlju binne troch de plysje wekker makke. Dat wie nei twa oere nachts.

Omdat de brân yn in winkelstrjitte wie, kamen der ekstra brânwachtminsen nei Wolvegea. Der wie ûnder oare in heechwurker út Hearrenfean.

Hast in oere dwaande

De brânwacht hat hast in oere dwaande west foardat de brân master wie. Allinne de boppewenning hat yn de brân stien, mar de bakkerij dêr ûnder kin flinke reek- en wetterskea ha.

It is net dúdlik hoe't de brân ûntstien is. De bakkerij is foarearst ticht.

Foto: ProNews
Trefwurden: 
Wolvegea brân
(advertinsje)
(advertinsje)