GGD tefreden oer earste wike mei ekstra testkapasiteit

De measte minsken hâlde har goed oan de maatregels fan it kabinet om fierdere fersprieding fan it coronafirus te beheinen. Dat seit Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân. "Juist jongeren houden zich goed aan de regels", seit se. De ynsidinten dy't der binne, wurde ek net allinnich troch jongerein feroarsake. "Die incidenten zijn ook echt uitzonderingen, waarvoor mensen beboet moeten worden."
Margreet de Graaf fan de GGD oer de stân fan saken:
Update GGD
Minsken witte oer it algemien hiel goed wêrfoar't de maatregels binne en dat se har deroan hâlde moatte, fernimt De Graaf.
Dêrneist neamt De Graaf it goed nijs dat bekend is dat ien op de acht soarchmeiwurkers dy't klachten ha en test binne, it coronafirus ha. "Dat betekent dat die andere zeven mensen met klachten gewoon aan het werk kunnen, als ze zich daarvoor goed genoeg voelen. Zij hebben namelijk geen corona."

Ekstra teste jout rêst

Sûnt ferline wike moandei wurde soarchmeiwurkers mei klachten ekstra test. Dêrfoar binne yn it hiele lân ekstra teststrjitten. Yn Fryslân stiet ien op it terrein by it laboratoarium Izore, yn Ljouwert. De Graaf is tefreden oer dy ekstra testkapasiteit. "We hebben drie teststraten bij Izore, daar kunnen mensen op afspraak komen. Je ziet direct of er iets aan de hand is. En als iemand in de zorg het coronavirus blijkt te hebben, dan weet je dat die thuis moet blijven."
"Het geeft ook rust in de instellingen", seit De Graaf. "Sommige mensen willen gewoon weten of ze het virus hebben, omdat het prettig is om te weten. Maar voor zorgmedewerkers is het nog belangrijker, daarom hebben we er ook voor gekozen om specifiek hen veel te testen."

Mear positive tests betsjut net perfoarst mear besmettingen

Sûnt de soarchmeiwurkers faker test wurde, rint ek it tal fêststelde coronabesmettingen wat op. Dat is in logysk gefolch fan dat der mear test wurdt. "Over een langere periode van tijd zien we wat verschillen in vastgestelde besmettingen, maar die verschillen kunnen we toeschrijven aan het testbeleid", seit De Graaf. It betsjut net dat der echt mear gefallen binne fan coronabesmettingen. Dy hiene der wol west as der gjin maatregels ynsteld wiene, neffens de GGD-direkteur.
De teststrjitte by Izore waard in wike lyn iepene:
Grutskalich testen fan soarchmeiwurkers bûten sikehûzen set útein