Dieven stelle âldizerkontener fan De Fûgelpits

Dieven ha de âldizerkontener fan de kringloopwinkel fan De Fûgelpits yn Dokkum stellen. Dat is fêstlein op bylden, dy't it fûgelopfangsintrum dield hat op Facebook.
Bylden fan de stellerij © De Fûgelpits
It bedriuw leit in beleanning fan 500 euro klear foar de gouden tip dy't oanwiist wa't de dieven binne. It barde yn de nacht fan snein op moandei, flak nei middernacht. De dieven ha de kontener meinommen mei in frachtwein, is op de bylden te sjen.
De Fûgelpits fangt fûgels en oare bisten op, mar omdat it dreech wie om rûn te kommen, binne se yn 2015 de kringloopwinkel begûn. De winst dy't se dêr meitsje giet nei it fersoargjen fan de bisten dy't by De Fûgelpits brocht wurde. De âldizerkontener hearde ek by de kringloopwinkel.
Se roppe elkenien dy't wat sjoen hat op om dat te melden.