Moai peaskewykein, mar campings bliuwe sawat leech: "De regels jilde hjir ek"

13 apr 2020 - 20:19

Prachtich waar en in lang peaskewykein: gewoanwei perfekte yngrediïnten om te kampearjen. Troch de coronamaatregels binne de campings lykwols sawat leech. "We ha in protte annulearringen hân", seit Henk Brouwer, eigener fan camping Rijsterbos yn Riis. "It is spitich, mar op de camping jilde de regels fan it RIVM ek."

Hielendal leech is de camping lykwols net. "Wij zijn min of meer gevlucht vanuit de Randstad, vanuit Amsterdam" seit Aloys Spijkerman. Hy is oan it klussen oan syn sjalet op de camping yn Riis. It terras is opknapt en ek it húske sels sit yn de ferve. "Wij hebben gemerkt dat mensen daar absoluut geen afstand nemen."

Spijkerman hat der sels syn fakânsje foar ferset. Dy soe earst yn juny, mar is nei foaren helle. "Het bevalt tot nu toe ontzettend goed." Hy bliuwt wol safolle mooglik op syn plak: "We hebben hier gefietst, dat is het enige."

Deistige kontrôle

Campingeigener Henk Brouwer docht in deistich rûntsje oer it terrein. Foar him is it libben mei peaske feroare troch corona. "Gewoanwei is it noch altyd wol efkes ôfwachtsjen wat der komt, mar mei dat moaie waar fan no hiene we aardich fol sitten. No ha we allinnich de fêste besikers noch."

Dy fêste besikers ûnderfine net in soad gefolgen fan de maatregels. "Sy ha in eigen sanitêr en dus kinne se harsels rêde. Foar gasten sûnder sanitêr is in lange fakânsje hjir net mooglik, want it húskegebou moat ticht." Dat is ien fan de maatregels fan it kabinet.

Ek it wurk sels is feroare. "Ik ha der no in nije rûtine by", laket Brouwer, wylst er wat minsken groetet. "Ik sjoch elke dei op de camping oft minsken net te ticht byinoar stean. Want je binne dan wol efkes op fakânsje, de regels jilde hjir ek."

Henk Brouwer, eigener fan camping Rijsterbos, en Jellie van Zandvoort - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Sinnen fersette

"Wy binne hjir om't we graach efkes de holle fersette wolle", seit Jellie van Zandvoort. "Ik sit alle dagen al binnen en wurkje yn de soarch. We geane net nei eveneminten of bosken, mar bliuwe allinnich op dit stekje."

Van Zandvoort sit mei har man oan de kofje en sjocht oer in leech terrein hinne. "We ha in fêst plak op dizze camping en sitte mar mei ús twaen op it plak. De ôfstân kinne we goed bewarje en dus ha we besletten om dochs it wykein nei Riis te kommen. De buorlju sitte in aardich stik fan ús ôf. We bewarje dy ôfstân en soargje dat we net mei-inoar yn kontakt komme."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Lege fjilden by Bosrand

Efkes fierderop sit camping Bosrand yn Aldemardum. Dêr komme alle jierren in protte Dútsers foar de wettersport. "Dy geane dan nei it Mirnzer Klif om te silen of te kyten", seit eigener Sjouke van der Veen. "Dat is no feroare. We ha in stik as 10 annulearje moatten. De Dútsers binne altyd de lúkse ferhier en sitte mei in groep yn de sjaletten. Mar sy meie de grins net mear oer en dus leit dat stil."

Hielendal stil op de camping is it ek yn Aldemardum net. "Der binne noch sa'n 15 gasten. Dy ha in eigen sanitêr en dus kinne se by ús in plak krije. Mar it toiletgebou is ticht en dus is de oanfier fan de gasten mei in tinte folle minder."

Famylje Van der Veen, eigeners fan de Bosrand - Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

Van der Veen rint oer in paad op syn camping. Oan de ein fan it paad groetet er in tal gasten. It is de famylje Rosier út Boalsert. Sy binne al trije jier te finen yn Aldemardum. "We ha it hjir poerbêst", seit Stefan Rosier. "We witte dat de maatregels der binne en dat it idee is om thús te bliuwen, mar we ha hjir mear romte. We kinne alle kanten op en we kinne thúswurkje. Alles is binnen de kaders fan de regels."

Mei syn frou sit er oan de kofje. "It bliuwt wol in gemis dat alles ticht is, mar dêr stelle we ús op yn. It soe wol noflik wêze as der wat mear minsken wiene, dat is dochs wat geselliger."

(advertinsje)
(advertinsje)