Famke (17) dat fermist wie, is wer terjochte

It 17-jierrige famke út Ljouwert dat al twa wiken fermist waard, is fûn. Se is yn goede sûnens, meldt de plysje.
© Plysje
It famke wie op 27 maart fuortrûn út in soarchynstelling yn Hengelo. Oarspronklik komt se út Ljouwert. De plysje tocht dat se dêr wie. Wêr't se úteinlik fûn is, wurdt net bekend makke.
De plysje freget boppedat oft elk dy't har foto dield hie, dy foto no wer fuorthelje wol.