Rebûlje by SC Bolsward oer besteansrjocht sneinsklup

13 apr 2020 - 18:37

Der liket in splitsing oan te kommen yn it Boalserter fuotbal. SC Bolsward hat koartlyn besletten om allinnich op sneon noch mei in prestaasje-alvetal te kommen. Dat sint in groep fuotballers, supporters en sponsors net. Dy hawwe in ûndersyk opset nei draachflak foar it oprjochtsjen fan in sneinsklup.

De groep fuotballers, supporters en sponsors is ferrast troch de grutte animo foar in sneinsklup en wol besykje foar it nije seizoen te sjen oft it slagget in sneinsklup op te rjochtsjen. Neffens de wurdfierder fan de groep sitte se yn in achtbaan en wurde se oerspield mei positive reaksjes. Hy wit net seker oft it slagget om in sneinsklup foar it kommende seizoen al klear te krijen, mar de groep sil alle war dwaan om it foar inoar te krijen.

Foto: Omrop Fryslân

Fúzje Boalserter fuotbal

SC Bolsward is in fúzjeklup fan trije clubs. CAB en RES wiene sneinsklups, Bolswardia wie in echte sneonsklup. Yn 2013 fusearren de klups. Der wienen wol twa prestaasjeteams: in sneons- en in sneinsteam. In spesjale kommisje, ûnder lieding fan Sander de Rouwe (deputearre) is ta de konklúzje kaam dat it it bêste is om allinnich noch op sneon mei in prestaasje-alvetal te kommen.

Foarsitter Arno Wip leit út dat it hiele ferhaal lestich is: "De traditie, de hobby, de rituelen. De emotie die daaraan verbonden is, zit diep. Heel diep. Dat maakt ook meteen helder hoe ingewikkeld het is om een keuze als deze te maken zonder 'verliezers'."

Oprop: bliuw ien klup

Op de webside fan SC Bolsward docht Wip in oprop om mei-inoar ien klup te bliuwen: "De enige manier om het voetbal in Bolsward serieus naar een ander plan te brengen betekent een keuze voor één prestatie-elftal. Dat besluit ligt er nu. Probeer dat te accepteren.Weet dat SC Bolsward het zondagvoetbal niet loslaat. Ga met ons de toekomst in."

Neffens Wip fan SC Bolsward bestie de spesjale kommisje út alle lagen. De klup fasilitearret neffens Wip yn de takomst ek sneinsfuotbal noch wol. De foarsitter begrypt de emoasjes, mar hie net ferwachte dat der sa'n inisjatyf út fuort komme soe. Beide partijen binne net mei inoar yn petear.

(advertinsje)
(advertinsje)