UPDATE: Frou ferwûne by ûngelok bûten Ljouwert, dyk wer iepen

13 apr 2020 - 19:50

By in oanriding op de krusing fan de Drachtsterwei mei de N31 is snein oan de ein fan de middei in frou ferwûne rekke. Sy is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht. Der wiene ferskate auto's by it ûngelok belutsen.

Foto: Kappers Media

De helptsjinsten ha de frou út de auto helle. De bestjoerder fan in oare auto dy't by it ûngelok belutsen wie, is troch ambulânsepersoniel kontrolearre op it plak fan it ûngelok.

It is net dúdlik hoe't it ûngelok feroarsake waard.

De krusing wie ticht. Ek it ferkear dat de stêd út wol, moast omride. Nei goed twa oeren waard de dyk wer frijjûn.

(advertinsje)
(advertinsje)