Tolve freonen út Top en Twel wurde siik nei wintersport: "Ik koe neat"

In groep fan tolve freonen hie in machtige wintersport yn Eastenryk. Mar doe't se werom kamen yn Top en Twel, waard elkenien siik. "Ik koe neat, letterlik neat", seit Friso Snijders. "Ast it krijst, dan bist ek goed siik."
wintersporters corona
Op de piste fernamen se neat fan it coronafrius, mar op de weromreis nei hûs krigen se grinskontrôles en hearden se dat it firus harren gebiet berikt hie. Alle 12 waarden se siik. "It is echt hiel besmetlik", seit Snijders.
© Friso Snijders
Corona wurdt wolris ferlike mei de gryp, mar it fielde wol wat oars. "Wy binne allegear jong, mar ek wy leine der twa wiken út. Dêrnei wie it wer prima. Mar ast gjin goede kondysje hast of ast âlder bist, dan is it hiel heftich."
© Friso Snijders
Snijders fernimt dat, hoewol't er better is, de enerzjy minder is as oars. "Ik rin altyd de trap op, mar no fielde ik hiel swiere skonken. Dus fernimst it wol. Net echt op de dei sels, mar jûns bist earder wurch."
No't de freonen allegear wer better binne hat Snijders mar ien advys: "Ast by minsken west hast dy't it firus ha, dan soe ik echt thús bliuwe. It ferspriedt him hiel hurd. Wolst it net op dyn 'geweten' ha datst oare minsken besmetst."