Oprôle kriminele organisaasje yn Easterwâlde hie bannen mei binde yn Antwerpen

13 apr 2020 - 21:30

De kriminele groep, dy't ein febrewaris oprôle is yn ûnder oare Easterwâlde, ferhannele wapens en eksplosiven oan in binde yn Antwerpen. Dat skriuwt de Belgyske krante De Gazet van Antwerpen. It Iepenbier Ministearje befêstiget dat de beide saken ferbân ha. It ûndersyk rint lykwols noch en dêrom wol it IM net fierder ynhâldlik reagearje.

In oanhâlding yn Drachten yn deselde saak - Foto: Pro News

De plysje hat yn Antwerpen de ôfrûne wiken acht minsken oanhâlden en op 39 plakken ynfallen dien. Dêrby binne hângranaten, fjoerwapens, eksplosiven en in protte drugs fûn.

Ut ôfharke petearen docht neffens de Gazet van Antwerpen bliken dat de wapens en eksplosiven út Noard-Nederlân komme fan de groep dy't hjir ein febrewaris oprôle is.

Ein febrewaris die de plysje op santjin plakken ynfallen yn Noard-Nederlân. Dêrby binne yn totaal tsien minsken oanholden, ûnder wa trije Friezen: in 34-jierrige man út Easterwâlde en twa manlju fan 31 en 34 jier út Ljouwert. By in arrestaasje yn Drachten waard sketten, dêr rekke in fertochte fan 43 út Marum ferwûne.

Easterwâlde en de kringloopwinkel dêr lykje it sintrum fan de saak te wêzen. De plysje hâldt der rekken mei dat it gebou it haadkertier is fan de organisaasje. De eigener fan de kringloopwinkel is ien fan de tsien minsken dy't oppakt binne.

By de ynfallen en oanhâldingen yn Noard-Nederlân hat de plysje ûnder oare beslach lein op trije kalasjnikovs, pistoalen, drugs en oare munysje.

De plysje by de ynfal yn Easterwâlde - Foto: De Vries Media

De Belgyske resjerzje hie in appartemint yn Antwerpen fol hongen mei de ôfharkapparatuer. Yn de petearen tusken de Belgen en de Nederlanners wurdt ûnder oare útlein hoe't mobile telefoans brûkt wurde kinne foar ûntstekking. "Je moet die draad met dat punt verbinden, dan moet je drie minuten wachten. Pas op, niet hier proberen of we vliegen de lucht in", wurdt sein.

(advertinsje)
(advertinsje)