Brân yn Lemster iissalon ûntstie nei alle gedachten yn meterkast

De brân fan moandeitmoarn betiid yn in iissalon op De Lemmer is nei alle gedachten ûntstien yn de meterkast. Dat skriuwe de eigeners op Facebook. Dy melde ek dat it pân oan de Oudesluis sels noch stiet, mar dat it binnendoar in ravaazje is.
© Brânwacht De Lemmer
Hoe heech oft de skea krekt is, moat noch fêststeld wurde troch fersekeringseksperts. Dêrnei sille de eigeners wer hurd oan de slach om de de saak wer op te bouwen, sa skriuwe se. By de brân is gjinien ferwûne rekke, der wiene gjin minsken of bisten yn it gebou.

Begeane grûn

Omdat yn it sintrum fan De Lemmer alles ticht op elkoar boud is, waard opskaald nei middelbrân. De brânwacht fan De Lemmer en Ychten rieden út en de brânwacht fan It Hearrenfean kaam derby mei in heechwurker.
De brân wie op de begeane grûn fan in gebou fan twa ferdjippingen. Om 5.00 oere hinne wie de brân út.