FIDEO: Claudy Jongstra oan it wurk yn it Fries Museum

Keunstneres Claudy Jongstra wurket al in skoft yn de grutte hal fan it Fries Museum yn Ljouwert oan in nije útstalling. Dy is fan 't hjerst te sjen yn museum De Lakenhal yn Leiden. Jongstra socht al in skoft nei in spesjale romte, omdat it by de nije útstalling giet om hiele grutte keunstwurken.
Claudy Jongstra
No't it Fries Museum sletten is fanwege it coronafirus, is der romte genôch foar Jongstra om dêr yn de ûntfangstromte te wurkjen. Minsken kinne fia social media meisjen.