Wenbûlevaar wol iepen; net folle klanten

13 apr 2020 - 12:42

It wie op peaskemoandei om it middeisoere hinne net drok by de meubelbûlevaar yn Wolvegea. Dy dei is gewoanwei in topdei foar de meubelbrânsj. In meiwurker by de doar telt de oankommende klanten, de teller stie op 80. Gewoanwei komme normaal 8.000 op sa'n dei.

"Gelokkich binne der net folle", seit eigener Sikko Kapenga fan Home Center yn Wolvegea. "We ha berekkene dat we maksimaal tûzen klanten tagelyk binne ha meie. Wy litte ien persoan de 50 fjouwerkante meter ta."

Button

"Elkenien krijt in button mei dêrop de tekst 1,5 meter. Dat is wol belangryk, we moatte der goed mei omgean, sa wolle we minsken bewust meitsje. We hawwe guon rinpaden ek rommer makke en wêr nedich ienrjochting makke. Meiwurkers sille der goed op tasjen dat alle besikers har dêr oan hâlde sille."

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

It docht him sear, sa'n dei. "Mar we binne bliid dat we iepen binne, yn tsjinstelling ta de hoareka. We moatte it dermei dwaan."

Alhoewol't it regear advisearret om thús te bliuwen, komme der dochs minsken. Ien fan har sei dat se wol nei in keuken sjen moast omdat se in nij hûs krijt.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Gjin shows

De measte meubelsaken advertearren de lêste tiid al minder en hawwe dizze moandei gjin spesjale peaskeshows. "Meubels binne net fuort nedich en dêrom freegje wy oft minsken harren oankeap útstelle wolle".

Kapenga fernaam de lêste dagen al dat it minder drok wie by de meubelbûlevaar. It 'bernedoarp', dêr't bern boartsje kinne, is sletten. Ek kinne minsken gjin hapke ite of wat drinke yn de brassery yn de saak.

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
(advertinsje)
(advertinsje)