GrootSneek ferliest grut part fan advertinsje-ynkomsten troch coronakrisis

13 apr 2020 - 11:04

GrootSneek, de útjouwer fan lokale kranten yn De Fryske Marren, Súdwest Fryslân en it Hearrenfean, makket him soargen oer de takomst. In grut part fan de opdrachten en de advertinsjeynkomsten is yn de ôfrûne wiken fuortfallen. Dochs bliuwt eigener Ying Mellema posityf. "Ik sjoch ek wol wer kânsen foar de takomst, mar earst moatte we witte hoe lang't dit duorret."

It begûn foar GrootSneek al fuort nei de earste parsekonferinsje dêr't maatregels yn oankundige waarden. "Fuort dêrnei kamen de earste telefoantsjes al binnen, fan advertearders dy't harren advertinsje stopsette woene", fertelt Mellema. En dêrnei foelen ek de earste opdrachten fuort.

"We dogge in hiel soad toeristyske dingen, dy waarden allegear útsteld. En it grutte befrijingsmagazine dat we meitsje soene gie ek net troch."

Ek de 4 mijl fan Snits, in evenemint dat GrootSneek mei-organisearre hat, giet foarearst net troch. It stie pland op 3 maaie.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It slacht in grut gat yn de omset fan GrootSneek. En dat hat ek direkt konsekwinsjes foar de kranten dy't ûtjûn wurde. "Alle kranten dy't we meitsje binne krekt wat tinner as oars, mei troch it fuortfallen fan de advertinsjes." Om dat noch wat op te fangen hat Mellema foar in part fan syn personiel dieltiid-WW oanfrege.

Op it kantoar fan GrootSneek is it dan ek in stik rêstiger as oars. De measte redaksjeleden wurkje thús. Inkeld Mellema en syn frou Marjanne Bouwman binne noch alle dagen oanwêzich. Sa besykje se de boel sa folle mooglik draaiende te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neffens Bouwman slagget dat no noch reedlik om't se ek in soad stipe krije fan fêste advertearders. "Er zitten adverteerders tussen die zelf gewoon dicht zijn, maar toch om ons te steunen advertenties blijven plaatsen."

En der is mear goed nijs. Tsjinoer it wurk dat fuortfallen is, stiet ek wurk dat der bykaam is. Sa wurdt op it stuit mear wurk ferset foar soarchorganisaasjes en de gemeente, mar dat is net genôch om it gat op te foljen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Wy kinne dit no noch wol efkes folhâlde, mar it grutste probleem is dat we net witte hoe lang't it duorret. Juny is it fansels samar, mar wat as de maatregels ek dêrnei noch oanhâlde?" seit Mellema.

Bouwman follet oan: "Het is maar de vraag of onze papieren krant ooit weer op hetzelfde niveau terugkomt als dat het voor de coronacrisis was. Je ziet nu toch wel heel veel dingen naar online verschuiven. En misschien dat het daar ook wel blijft."

Dochs tinke se net dat de coronakrisis de ein betsjut foar de kranten fan GrootSneek. "Nee, zeker niet. Je ziet hoe blij mensen worden als ze nu die papieren krant weer in handen hebben. Ze zitten de hele dag al achter het scherm, dus die papieren krant die blijft wel."

Ying Mellema en Marjanne Bouwman

(advertinsje)
(advertinsje)