Omrop TIP: 'Moai wie dy tiid' mei nostalgyske ferhalen

13 apr 2020 - 12:50

Op peaskemoandei is middeis (13.00-18.00 oere) in spesjaal radioprogramma op Omrop Fryslân: Moai wie dy tiid. Presintator Geert van Tuinen hellet mei ferskate gasten oantinkens op oan merken, kroegen, feesten, orkesten, Aaipop, útgean en brommers.

Hy praat ûnder oare mei dj Jaap de Bruin, popsjoernalist Harry de Jong en muzikant Gerben Gerbrandy oer Aaipop. Mar ek brommerklup de Fryske nozems komt foarby.

Neist de nostalgyske ferhalen en anekdoates draaie we fansels de muzyk út de jierren 60, 70 en 80. Dus bliuw binnen en genietsje fan alle moaie ferhalen en lekkere muzyk!

It programma is fan 13.00 oant 18.00 oere op de radio, it is ek op telefyzje te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)