Groep jeugd op Harnzer pier: 3 bekeuringen en 28 warskôgingen

13 apr 2020 - 09:52

Yn Harns binne sneintejûn trije jongeren op 'e bon gien fanwege it oertreden fan de corona-maatregels. De jongeren makken diel út fan in gruttere groep, dy't op de Zuiderpier wie.

Foto: Plysje Fryslân

De trije krigen in bekeuring om't se earder al in warskôging krigen hiene. In bekeuring is 104 euro foar jongeren ûnder de 18 jier.

Achtentweintich oaren krigen in warskôging en krije ek noch in brief thússtjoerd.

Trefwurden: 
Harns plysje coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)