Galeryen yn coronatiid: kreatyf by oanbieden fan keunst

13 apr 2020 - 08:30

Galeryen betinke nije metoaden om de leafhawwers fan keunst genietsje te litten. Eksposysjes wurde net mear besocht as se al iepen binne op ôfspraak. Ideeën binne der wol, lykas live fideo-tentoanstellingen of in drive-in-eksposysje.

Sa begûn galery Friesgoed yn Nijeberkeap dizze wike mei in online-besichtiging fia in ynbel-sessy. Janou Sipsma en Gerben But lieten de galery live sjen oan de earste seis besikers en gienen mei de webcam en mikrofoan yn petear.

"Het was leuk om te doen", fûn Sipsma, dy't oer wurk fan harsels en oaren fertelde. Der sitte fansels wol neidielen oan ynbel-sessys. "Dit is wel live, maar om het gesprek meer aan te gaan is lastig, omdat je geen contact hebt."

De reaksjes binne faak traach of komme hielendal net. Dochs sille se geregeld trochgean mei harren 'online kunstkijken'. "We willen het nog toegankelijker maken, ook voor ouderen."

Drive-in-galery

Galery Autrevue op De Knipe is iepen op ôfspraak, mar der komme gjin besikers. De hannel yn keunst leit aardich stil, fernimt galeryhâlder Randolph Algera. "De mensen zijn ook wel een beetje bang, ze blijven netjes binnen. Je kunt wel komen kijken, maar niet met meer dan twee mensen. En dan voelen mensen natuurlijk toch meer druk om te kopen. Het wordt moeilijker om gewoon even leuk langs te komen."

Iepeningen en eksposysjes wurde útsteld, mar Algera hat wol ideeën: "We gaan videobeelden van onze schilderijen op internet zetten. En we hebben zelfs overwogen om een drive-in te maken. Dat je met je auto door een boerderij kunt rijden. Het zou een idee zijn om in onze opslag stof te spannen, schilderijen op te hangen en mensen er bij langs te laten rijden."

(advertinsje)
(advertinsje)