Kollum: "Presys itselde"

13 apr 2020 - 08:23

"De iene fynt it fantastysk, de oare sjocht der as in berch tsjinop: in nije auto keapje. Yn ús gefal jildt it twadde senario. Wy ha beide gjin ferstân fan auto's, lit stean fan ûnderhannelingstechniken. En lit dat lêste no it belangrykste wêze ast om in nije auto giest. Underhannelje mei de ferkeaper, want dy wol yn dizze tiid graach in auto slite. Alteast, dat tochten wy.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Twa wike lyn op in moandeitemiddei gongen wy om in auto út. De syktocht begûn yn Ljouwert, dêr't in kreaze wite bolide stie. Entûsjast kaam de ferkeaper op ús ta, doe't wy de showroom ynstapten. Mei ús trijen sochten wy op it grutte parkearterrein ús wite bolide op. Jawis koenen wy wol in stikje te riden. En nee hear, hy hoegde gjin kopy fan ús rydbewiis. 'As jim in auto stelle wolle, dan soe ik jim oanriede om in djoerderen ien út te sykjen', lake er.

Nei ús blokje om parkearden wy de auto braaf wer foar de doar. De ûnderhannelingen gongen dat it slydjage. Wy koenen ús auto ynruilje en sûnder dat de ferkeaper ek mar nei ús eigen wein sjoen hie, joech er ús al in priis. Ek oer de priis fan de nije bolide wiene wy it rap iens. Hast te rap, fûn ik eins. Ik krige der in bytsje in nuver gefoel by. Krekt as woe dizze man de auto wol híel graach kwyt.

Ek yn Drachten stie presys sa'n selde type auto, dy't wy graach besjen woenen. Underweis fan Ljouwert nei Drachten fertelde ik oer myn twivels. Dat ik wat senuweftich waard fan de rappe ferkeapman yn Ljouwert. Wy wiene it der oer iens dat dit 'm mar net wurde moast. Of soe elke autoferkeaper hjoed-de-dei sa graach fan syn auto's ôf wolle, fregen wy ús ôf.

It antwurd krigen we yn Drachten. Doe't we dêr de showroom binnen stapten, duorre it efkes foardat de ferkeaper by ús kaam. Oft er ús ek helpe koe, frege er mei in stim dy't dúdlik makke dat er der gjin reet sin yn hie. 'Wy wolle graach yn dy wite bolide bûten ride', fertelden wy fleurich. En wy fertelden earlik dat we krekt yn Ljouwert yn hast sa'n selde soart auto riden hienen. In djippe sucht. Mei tsjinsin helle de ferkeaper de kaaien fan de auto op. It duorre al mei al hast fiif minuten foardat er werom wie.

Bûten seagen wy de nije wein stean. Kreas ynparkearre tusken wit ik hoefolle oare auto's. Doe't wy oanjoegen dat wy graach efkes in blok om woenen, sakken de skouders fan de ferkeaper noch fierder nei ûnderen. Hy skodholle. 'Hebben jullie in Leeuwarden ook in de auto gereden?', frege er. Ja, knikten wy. 'Nou, deze rijdt precies hetzelfde', sei er. Mei oare wurden: wy koenen 'm keapje, mar sûnder dat wy der yn riden hienen.

De bek foel my iepen. Ast in auto keapest dan is it earste watst wolst toch in blokje ride? Fiele hoe't er oplûkt, remmet, troch de bochten giet, oer in drompeltsje hipt. Ja toch? Keapest toch ek gjin bank sûnder datst der op sitten hast? Dat de man fan de Leen Bakker seit: 'Heeft u thuis een bank? Nou, deze zit precies hetzelfde.' Of datst in nij hynder keapest en dat de maneezje seit: 'Heeft u zelf een paard? Nou, deze rijdt precies hetzelfde.' Ja daaag!

Jim begripe wol: ek dizze twadde auto is it net wurden. Uteinlik ha wy in auto kocht yn Kollum, dêr't presys deselde wite bolide te keap stie, mar de ferkeaper ús in stik better befoel. En dy man yn Drachten hat gelyk: hy rydt presys itselde, mar wol in hiel stik nofliker."

(advertinsje)
(advertinsje)