Coronanijs moandei 13 april: trije nije stjergefallen, 30 pasjinten op intensive cares

13 apr 2020 - 21:00

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Der binne moandei trije nije stjergefallen by kommen;
  • Yn totaal binne yn Fryslân 32 minsken ferstoarn oan it firus, en 354 minsken binne posityf test;
  • Groep jeugd op Harnzer pier krijt bekeuringen en warskôgingen;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

23:26
Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog fan dizze peaskemoandei ôf. Noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje:

  • Der binne moandei trije Friezen stoarn oan it coronafirus. Dêrnjonken binne der wer trettjin minsken yn ús provinsje posityf test. Yn totaal binne yn Fryslân no 32 minsken stoarn oan it firus en by 354 minsken is it firus fêststeld.
  • It firus is fêststeld by fiif bewenners en seis meiwurkers fan wensoarchsintrum De Warrenhove yn Drachten.
  • It tal coronapasjinten op de Fryske intensive cares dizze peaskemoandei is 30. Dat binne der trije mear as in dei earder. Der lizze ek 32 coronapasjinten yn it sikehûs bûten de intensive cares. Dat binne der seis minder as snein.
  • De plysje hat it ôfrûne peaskewykein yn hiel Nederlân 1.800 boetes útdield oan minsken dy't har net holden oan de coronamaatregels. Oer it algemien bleau it rêstich yn bygelyks natuergebieten, meubelbûlevaars en túnsintra. Der wiene wol wat lytse ynsidinten, lykas yn Ljouwert en Harns.
  • Nederlânske húsdokters begjinne in gearwurking om yn kaart te bringen hoefolle minsken oft der stjerre dy't net posityf test ha op it coronafirus, mar wol oan de gefolgen fan it firus ferstjerre.
  • It kabinet wurket oan in apart fangnet foar flekswurkers dy't yn de coronakrisis ûntslein binne, mar gjin útkearing krije. De spesjale regeling krijt de kommende dagen foarm. Der komme hûnderten miljoenen beskikber.

Moarn hâlde we jim wer op de hichte fan al it coronanijs yn ús liveblog, en ek op radio en telefyzje.

22:56
Besmettingen yn Drachtster wensoarchsintrum

It coronafirus is fêststeld by fiif bewenners en seis meiwurkers fan wensoarchsintrum De Warrenhove yn Drachten. Nei oerlis mei de húsdokter binne fjouwer fan de besmette bewenners oerpleatst nei in spesjale corona-romte yn wensoarchsintrum Anna Schotanus op It Hearrenfean.

Dat ferpleatsen moat foarkomme dat it firus him yn De Warrenhove fierder ferspriedt. Boppedat kinne de pasjinten dêr better fersoarge wurde, seit de koepel Zorggroep Liante.

21:53
Gewoanwei tige populêr yn it peaskewykein, mar no wie it rêstich by de wenbûlevaars
21:07
Gearwurking húsdokters

Nederlânske húsdokters begjinne in gearwurking om yn kaart te bringen hoefolle minsken oft der stjerre dy't net posityf test ha op it coronafirus, mar wol oan de gefolgen fan it firus ferstjerre. Pasjinten dy't net test wurde, komme no net werom yn de statistiken. Dy statistiken rjochtsje har benammen op sikehûzen en de intensive care.

Húsdokters leverje bûten it sikehûs in soad soarch oan pasjinten mei in sterk fermoeden fan in COVID-19-ynfeksje, melde de fakgroepen Huisartsgeneeskunde fan de Nederlânske. "Een deel van die patiënten is kwetsbaar, maar wordt niet naar het ziekenhuis gestuurd als de voor- en nadelen van een ziekenhuisopname zijn afgewogen." As sa'n pasjint stjert, giet dat net mei yn de sifers fan it RIVM.

19:09
Fideodeiboek fan in artyst

Sander Metz is beropsmuzikant, mar syn libben sjocht der no hiel oars út. Yn syn vlog fertelt er oer syn nije realiteit yn de coronakrisis. Gjin optreden foar in publyk, mar foar in kamera. Yn de kommende tiid lit er yn syn fideodeiboeken foar de rige 'Berjochten út it hert' sjen watfoar ympakt corona op him hat. Mar ek watfoar oplossingen hy betocht hat.

19:05
Jim krije de kompliminten

Peaskemoandei is in hiel Nederlân frij rêstich ferrûn en dêrom krijt de mienskip yn syn gehiel in komplimint fan Hubert Bruls. Hy is foarsitter fan it Veiligheidsberaad, wêryn't alle feilichheidsregio's sitte. "Op sommige plekken was het dan wel wat drukker dit weekend, maar van de 17 miljoen mensen in Nederland blijft het merendeel thuis of maakt een ommetje in de buurt", seit Bruls. "Ook in de grensstreken bleef het rustig. Hopelijk houden we dit met elkaar vast!"

Bruls seach dat minsken yn de winkels har oan de regels holden en dat hast alle winkellju taret wiene op de situaasje. "Het was hier met Pasen niet veel drukker dan de afgelopen weekenden. Zondag waren extra maatregelen in de Bollenstreek nodig, die maandag effectief bleken. Ook de samenkomsten van jongeren bleven vandaag een aandachtspunt, maar hier zien we gelukkig inmiddels een afname in. En we blijven daar streng op handhaven."

18:30
Fangnet foar flekswurkers

It kabinet komt dochs noch mei in apart fangnet foar flekswurkers dy't yn de coronakrisis ûntslein binne, mar gjin útkearing krije. De spesjale regeling krijt de kommende dagen foarm. Der komme hûnderten miljoenen beskikber, seit it AD.

Opposysjepartij PvdA kaam mei de plannen en krijt no de koälysjepartijen mei. Ek GrienLinks tekenet de moasje. Minister Koolmees fan Sosjale Saken moat in 'tydlike, útfierbere regeling' meitsje foar flekswurkers dy't sûnt 1 maart har baan kwyt binne en net yn oanmerking komme foar in útkearing.

18:01
Wat mear pasjinten op Fryske IC's

It tal coronapasjinten op de Fryske intensive cares dizze peaskemoandei is 30. Dat binne der trije mear as in dei earder.

Der lizze ek nochris 32 coronapasjinten yn it sikehûs bûten de intensive cares. Dat binne der seis minder as snein. It giet om minsken dy't besmet binne mei it coronafirus of om minsken wêrfan't tocht wurdt dat se corona hawwe.

Yn totaal lizze der 218 coronapasjinten yn de sikehûzen yn de trije noardlike provinsjes. Fan harren komme der 73 út oare regio's.

17:19
GGD Fryslân oer de lêste stân fan saken
Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)