Plysje beboetet fiif Ljouwerters op feestje

Fiif Ljouwerters hawwe yn de nacht fan snein op moandei in boete fan 390 euro krigen, omdat se har net oan de coronamaatregels hâlden. De fiif fierden in feestje yn in hûs oan de Leendert Sinnemastraat en makken dêrby safolle lawaai dat de plysje tipt waard.
© Shutterstock
De plysje konstatearre by oankomst dat de fiif gjin famylje fan elkoar wiene en dat se har ek net oan de oardel meter-ôfstân hâlden.
It giet om Ljouwerters tusken de 24 en 35, twa froulju en trije manlju.