Plysjesjef oer fernielingen: "Verwerpelijk, respectloos en in deze tijd not done"

12 apr 2020 - 20:03

"De emotie is wat gezakt, maar ik was boos. Ik vind het verwerpelijk, respectloos en in deze tijd not done." Teamsjef Thea van den Bos fan de plysje Noardwest-Fryslân wie lilk doe't se it ferhaal fan de fernielde plysje-auto's by Sint-Jabik hearde. De plysje makke dêr in ein oan in feest mei in kampfjoer yn 'e bosk. Jongerein dy't op dat feest wiene, fernielden twa plysje-auto's.

It feest dat yn de nacht fan sneon op snein yn 'e bosk by Sint-Jabik plak fûn, waard troch de plysje beëinige yn ferbân mei de coronamaatregels. Jongerein dy't op dat feest wiene, makken harren út de fuotten en fernielden de plysje-auto's. Se makken dêr dûken yn, traapen de spegels derôf en stutsen in bân lek.

"De politie is er naartoe gegaan. Je kunt het bos maar van een kant in. Twee politiewagens zijn er heen gereden en te voet het bos in gegaan. Ze liepen ongeveer een kleine kilometer. Ze hoorden al geluiden van onder andere wegrennende jongeren", sa seit Van den Bos.

Syktocht nei jongerein start

Neffens de plysjesjef is de syktocht nei de jongerein fuortendaliks úteinset. "Wij doen onderzoek. We hebben een aantal namen, ter plaatse spraken we nog met wat jongeren, die het niet gedaan hebben, want met hen hadden wij direct contact. Maar ze kunnen ons mogelijk nog wel iets vertellen over de jongeren die er nog meer waren. En ik heb de wijkagent gebeld en aan het werk gezet."

De plysje-auto's dy't fernield binne, kinne no net ynset wurde foar de wurksumheden, en dat is neffens Van den Bos in probleem. "Deze noodhulpvoertuigen zijn voorzien van technische systemen, waardoor ze vanuit het operationeelcentrum in Drachten aangestuurd kunnen worden. Deze voertuigen zijn nu niet meer direct inzetbaar voor noodhulp en loop je enorme risico's, in ieder geval als het gaat om tijd."

Teamsjef Thea van den Bos fan de plysje Noardwest-Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)