Auto bedarret op 'e kop yn it wetter by Kiestersyl

12 apr 2020 - 19:26

By Kiestersyl, krekt ûnder Frjentsjer, is sneintejûn in auto yn it wetter bedarre. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend. De auto kaam op 'e kop yn it wetter telâne.

Foto: CAMJO Media

De brânwacht waard yn earste ynstânsje wol oproppen, mar koe healweis werom nei de kazerne. De ynsittenden fan de auto wiene der al selsstannich út klommen. Oft sy ferwûne rekke binne, is net bekend.

Trefwurden: 
plysje wetter Kiestersyl
(advertinsje)
(advertinsje)